Arizona

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
State of Arizona
Vlag van Arizona Gjin wapen
Map of USA highlighting Arizona.png
Ofkoarting AZ
Haadstêd Phoeniks
Tiidsône -7
Algemien
Oerflakte 295.254
Befolking 5.743.834
Oare ynformaasje
Tatreden 14 febrewaris 1912
Oantal countys 15

Arizona is ien fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Phoeniks. Sawat 20% fan de befolking hat Spaansk as memmetaal. De wichtichste stêden njonken de haadstêd binne Tucson en Flagstaff.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It gebiet dat tsjintwurdich de steat Arizona foarmet, waard eartiids befolke troch Yndianestammen as de Hopy en de Navajo. De earste blanken dy't it gebiet yn loeken, wienen Spaanske ûntdekkingsreizgers sa om it jier 1540 hinne. Op de ein fan de 17e ieu waarden troch de Spanjerts rigen missyposten oprjochte mei as doel om de lânseigen befolking ta it Kristendom te bekearen.

Nei ieuwen fan Spaansk bewâld, waard it gebiet yn 1810 in ûnderdiel fan Meksiko. Nei ôfrin fan de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch yn 1848 moast Meksiko Arizona foar it grutste part ôfstean oan de Feriene Steaten en yn 1853 kochten de FS noch in stik derby. Ynearsten waard Arizona bestjoerd as ûnderdiel fan it New Mexico Territory, oant dat it yn 1863 in selsstannich gebiet wurde soe. Op 14 febrewaris 1912 waard Arizona formeel de 48e steat fan de Feriene Steaten.

Tidens de Grutte Depresje soe Arizona swier troffen wurden, mar har al rillegau ek wer ûntjaan, benammen troch de him ûntwikkeljende toeristeyndustry, dy't noch altyd fan belang is.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

De steat Arizona beslaat in gebiet fan 295.254 km² grut, wêr't it meastepart lân fan is. It heart by de Mountain-tiidsône.

De Painted Desert

Arizona grinzet yn it suden oan Meksiko, yn it noarden oan de steaten Utah en Kolorado, yn it westen oan Nevada en Kalifornje en yn it easten oan Nij Meksiko. It punt dêr't de grinzen mei Utah, Nij Meksiko en Kolorado by inoar komme, hjit Four Corners. Yn Arizona lizze grutte Yndianereservaten.

Geografysk sjoen is, dat benammen bekend stiet om de prachtige natuer, in steat fan ekstremen. In gedielte wurdt trochsnien troch de Rocky Mountains, mei de Humphreys Peak as heechste punt (3851 meter). Tagelyk bestiet Arizona foar in grut part út woastyn.

De wichtichste rivier is de Kolorado, dy't foar in part ek de westgrins foarmet. De rivier streamt troch de ferneamde Grand Canyon. Oare natuergebieten binne de Painted Desert en Monument Valley.

Klimaat[bewurkje seksje | edit source]

Arizona beskikt foar it grutste part oer in woastynklimaat mei hjitte simmers, mar ek nachtfroast, benammen yn de winter. Yn it noarden fan de steat, dat folle heger leit as de rest, is it klimaat gâns kâlder mei temperatueren dy't ûnder de -18 °C reitsje kinne.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | edit source]

Arizona is ûnderferparte yn 15 county's.

Nijsgjirricheden[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

 
Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
Steaten

Alabama - Alaska - Arizona - Arkansas - Delaware - Fermont - Firginia - Floarida - Georgia - Hawaï - Idaho - Illinois - Indiana - Iowa - Kalifornje - Kansas - Kentucky - Kolorado - Konnetikut - Louisiana - Maine - Marylân - Massachusetts - Michigan - Minnesota - Mississippy - Missoury - Montana - Nebraska - Nevada - Nij-Hampshire - New York - Nij-Jersey - Nij-Meksiko - Noard-Dakota - Noard-Karolina - Ohio - Oklahoma - Oregon - Pennsylvania - Rhode Island - Súd-Dakota - Súd-Karolina - Teksas - Tennessee - Utah - Washington - West-Firginia - Wyoming - Wiskonsin

Ofhinklike gebieten
Amerikaansk-Samoä - Gûam - Amerikaanske Famme-eillannen - Noardlike Marianen - Puerto Riko

Federaal distrikt
District of Columbia