Phoeniks
Ut Wikipedy
Phoeniks is haadstêd fan de Amerikaanske steat Arizona, yn it súdwesten fan de Feriene Steaten. De stêd is mei 1,512,986 ynwenners de grutste en hat nei alle gedachten in stêdekloft fan 4,1 miljoen ynwenners. Dêrmei is sy ien fan de hurdst groeiende stêden yn de FS. Sa om-ende-by 35 % fan de befolking is Spaansktalich.
[bewurkje seksje] Klimaat
Yn jannewaris is de temperatuer om-ende-by 12,0 °C, yn july is dat 34,2 °C. Alle jierren falt der trochstrings 194,6 mm delslach (gegevens basearre op it tiidrek 1961-1990).
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Offisjele webstee fan de stêd (Ingelsk)