Simmer

Ut Wikipedy
In protte minsken gean nei it strân yn de simmer.

De simmer is ien fan de fjouwer jiertiden. It is oer it algemien de waarmste en meast drûge jiertiid fan it jier.

De simmer fynt plak troch de skeane stân fan de Ierde tsjinoer de sinne. It seizoen fynt tsjinoersteld op it noardlik- en súdlik healrûn plak. As it op it noardlik healrûn simmer is, is it op it súdlik healrûn winter, en oarsom. Dit komt trochdat at it simmer is, it noardlik part fan de ierde nei de sinne ta wiist en it súdlik part fan de sinne ôf.

Troch de waarkunde wurden de moannen juny, july en augustus op it noardlik healrûn en de moannen desimber, jannewaris en febrewaris op it súdlik healrûn as simmermoannen oantsjut. Yn de stjerrekunde is it begjin fan de simmer fêststelde op de simmersinnekear (om 21 juny op it noardlik healrûn en om 21 desimber op it súdlik healrûn). De sinne giet dan troch it simmerpunt, de sinne berikt op dy dei de heechste stân boppe de eachein en de dei duorret it langst. De simmer stoppet mei de hjerstevennacht (om 23 septimber op it noardlik healrûn en op 20 maart op it súdlik healrûn).

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skaaimerken fan de simmer binne hege temperatueren, mear deiljocht en in bloeiende natuer. Foar de measte minsken betsjut de simmer ek de tiid foar de langste fakânsje fan it jier, de simmerfakânsje.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]