Ierde

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De ierde fanút de Apollo 17

De Ierde is, fan de sinne ôf, de tredde planeet fan ús sinnestelsel, tusken Fenus en Mars yn. De Ierde is de planeet dêr't wy op libje.

Ofstannen[bewurkje seksje | edit source]

De Ierde stiet likernôch 149.600.000 kilometer fan de sinne, dêr't er yn 365,2425 dagen omhinne draait. De Ierde hat in trochsnee fan 12.756,3 kilometer, en draait yn likernôch 24,3 oeren om syn as. De draaiïngsas fan de Ierde stiet net rjocht op de baan fan de Ierde, wat de oarsaak is fan de jiertiden. Om de Ierde draait de Moanne.

Eigenskippen[bewurkje seksje | edit source]

De Ierde is de ienige planeet yn ús sinnestelsel mei in oerflak dat foar in part wetter is. It wetter is mear as 70% fan de oerflakte, en de grutte fjilden lân en wetter foarmje de sân wrâlddielen en de fiif oseanen. De atmosfear fan de Ierde is foar it grutste part stikstof, mar ek noch foar mear as in fiifde soerstof. Der is ek in lyts part koalsoer, mar troch fotosynteze wurdt dat ôfbrutsen, en komt de soerstof wer frij.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]