Alaska

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
State of Alaska
Vlag van Alaska Zegel van Alaska
Alaska locator.png
Ofkoarting AK
Haadstêd Juneau
Tiidsône -9 / -10
Algemien
Oerflakte 13,8
Befolking 655.435
Oare ynformaasje
Tatreden 3 jannewaris 1959
Oantal countys

Alaska is ien fan de Feriene Steaten fan Amearika. Mei in oerflakte fan 1.481.347 km² is it fierwei de grutste steat fan it lân. De grutste stêd fan de steat is Anchorage, mar de haadstêd is Juneau.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It gebiet dat tsjintwurdich as Alaska bekend stiet waard om-ende-by 12.000 jier ferlyn foar it earst befolke troch Eskimofolken as de Yupik en Inuit en troch guon yndianestammen. Hja berikten Alaska fia de Beringlânbrêge, de doetiids droechfallen of ticht ferzen Beringstrjitte. De earste stammen dy't oer stieken, loeken fierder Noard- en Súd-Amearika yn.

De earste Jeropeanen dy't yn it gebiet arrivearren kamen út Ruslân wei. Op 20 augustus 1741 berikte de Deensk-Russyske ûntdekkingsreizger Vitus Bering by ien fan syn ekspedysjes de Golf fan Alaska en seach Mount Elias. Hy lanne op Kayakeilân, in lyts eilantsje foar de kust, en foer lâns it Kenaiskiereilân en Kodiakeilân. Foar in part de Aleoeten folgjend, foer it skip werom nei Kamtsjatka, yn Ruslân, en lanne lang om let op Beringeilân. De Russen ferneamden de see tusken Ruslân en it krekt ûntdekte Alaska nei de ûntdekker, de Beringstrjitte.

Op 9 april 1867 kochten de Feriene Steaten Alaska fan Ruslân. De priis dy't sy der foar betelje moasten wie $ 7.200.072. It nije gebiet wie earst net tige populêr by de Amerikanen en waard wol Seward's Folly neamd, nei de Minister fan Bûtenlânske Saken op waans inisjatyf Alaska kocht waard. Oant 1884 hiet de takomstige steat Department of Alaska en dêrnei, oant 1912 District of Alaska. Yn 1912 waard it formeel in territorium fan de Feriene Steaten en 47 jier letter, op 3 jannewaris 1959, woe it de 49e steat wurde fan de de Uny.

Stadichoan die bliken dat Alaska tige ryk is oan natuerlike helpboarnen. It beskikt oer Goud, stienkoal, oalje en oare natuerlike helpboarnen dy't fan Alaska in wolfarrende steat makke ha. Boppedat leit it hiel strategysk.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

De steat Alaska is de grutste fan alle fyftich Amerikaanske steaten. It leit foar it grutste part yn de Alaska-tiidsône wylst in part fan de Aleoeten yn de Aleoeten-Hawaï tiidsône lizze. It noarden fan Alaska rikt oant boppe de poalsirkel.

Alaska grinzet allinne (yn it easten) oan Kanada en net oan oare Amerikaanske steaten. It suden fan de steat leit oan de Stille Oseaan, it westen oan de Beringsee en it noarden oan de Noardlike Iissee. Alaska beskikt ek oer in soad eilannen, krektas de Aleoeten, Kodiak eilân, Saint Lawrence eilân en de eilannen fan de Aleksanderarsjipel. De súdlikste smelle lânstreek dy't him nei it suden útstrekt wurdt de Alaska Panhandle ('pannestâle fan Alaska') neamd.

In grutste part fan de steat bestiet út berchtme. Mount McKinley is mei 6194 m de heechste berch yn Noard-Amearika. De wichtichste rivier is de Yukon, dy't troch it Kanadeeske territorium mei deselde namme yn de Beringsee útmûnet.

Yn Alaska binne ferskate beskerme natuergebieten. Goed 65% fan Alaska is yn hannen fan de Federale oerheid, foar it meastepart as natuergebiet.

De haadstêd, Juneau, is de allinnich mei fleantúch of skip te berikken. Der rinne gjin wegen fan Juneau nei de rest fan de steat of nei Kanada.

Fotogallery[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

 
Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
Steaten

Alabama - Alaska - Arizona - Arkansas - Delaware - Fermont - Firginia - Floarida - Georgia - Hawaï - Idaho - Illinois - Indiana - Iowa - Kalifornje - Kansas - Kentucky - Kolorado - Konnetikut - Louisiana - Maine - Marylân - Massachusetts - Michigan - Minnesota - Mississippy - Missoury - Montana - Nebraska - Nevada - Nij-Hampshire - New York - Nij-Jersey - Nij-Meksiko - Noard-Dakota - Noard-Karolina - Ohio - Oklahoma - Oregon - Pennsylvania - Rhode Island - Súd-Dakota - Súd-Karolina - Teksas - Tennessee - Utah - Washington - West-Firginia - Wyoming - Wiskonsin

Ofhinklike gebieten
Amerikaansk-Samoä - Gûam - Amerikaanske Famme-eillannen - Noardlike Marianen - Puerto Riko

Federaal distrikt
District of Columbia