Fisk

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje

Fisken binne wringedieren dy't sykhelje troch kiuwen. Ornaris binne sy kâldbloedich en ha in hûd fan skubben, sy kinne har yn it wetter bewege troch finnen. It tal fisksoarten wurd op sa'n 30.000 rûsd.

[bewurkje seksje] Systematyske yndieling

Neffens de systematyk (dy't ek by Wikipedy brûkt wurdt) wurde fisken as kaakdieren definieart, dy't net ta de Tetrapoda (fjouwerfoeters) rekkene wurde. Der binne twa ûnderskate kategoryen:

  • Knarsbienfisken (Chondrichthyes), fisken dy't suver allegear yn see libje lykas; de haaien, roggen en seekatten.
  • Bienfisken (Osteichthyes), gearstald út twa groepen; de kwastfinnigen en de straalfinnigen.

De kaakleaze 'prikken' en 'slymprikken' wurde somtiden ek wol ta de fisken rekkene, mar sy falle net ûnder de systematyske yndieling.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Commons Commons: Fisk – foto, fideo en harktriemmen
Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings
Oare talen