Fûgels
Ut Wikipedy
De klasse fan de fûgels (Aves) hat likernôch 9000 soarten dy't allegear ien ûnderskiedende eigenskip mien hawwe: se hawwe fearren. Fûgels binne waarmbloedich en meitsje gebrûk fan aaien om harren neiteam te produsearjen. Fûgels hawwe holle bonken en de foarste lidmaten binne oanpast ta wjukken, wêrtroch de measte fûgels fleane kinne.
Fûgels binne der yn in grut ferskaat fan foarmen. Fan de grutte strúsfûgel oant de lytse kolibrys.
Klassifikaasje [bewurkje seksje]
- Klasse: Fûgels (Aves)
- Skift: Seedûkereftigen (Gaviiformes)
- Skift: Dûkereftigen (Podicipediformes)
- Skift: Pinguineftigen (Sphenisciformes)
- Skift: Mokeftigen (Procellariformes)
- Skift: Pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
- Skift: Eiberteftigen (Ciconiiformes)
- Skift: Flamingoëftigen (Phoenicopteriformes)
- Skift: Goeseftigen (Anseriformes)
- Skift: Rôffûgels (Falconiformes)
- Skift: Hineftigen (Galliformes)
- Skift: Kraaneftigen (Gruiformes)
- Skift: Wilstereftigen (Charadriiformes)
- Skift: Doëftigen (Columbiformes)
- Skift: Koekoekeftigen (Cuculiformes)
- Skift: Uleëftigen (Strigiformes)
- Skift: Nachtsweleftigen (Caprimulgiformes)
- Skift: Toersweleftigen (Apodiformes)
- Skift: Roldereftigen (Coraciiformes)
- Skift: Pappegaaieftigen (Psittaciformes)
- Skift: Spjochteftigen (Piciformes)
- Skift: Moskeftigen (Passeriformes)
Sjoch ek [bewurkje seksje]
Ferwizing [bewurkje seksje]
- The Internet Bird Collection (Fideo's).
- Avionary - Westpalearktyske fûgels yn 44 talen
-
Commons: Vögel (Taxonomie) – foto, fideo en harktriemmen
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fûgels fan Wikimedia Commons. |