Nij-Seelân
Ut Wikipedy
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
|||||
![]() |
|||||
| Offisjele taal | Ingelsk, Maory | ||||
| Haadstêd | Wellington | ||||
| Steatsfoarm | Parlemintêre monargy | ||||
| Gebiet % wetter |
km² 2,1% |
||||
| Ynwenners (2007) | 12.263.596 | ||||
| Munt | Nij-Seelânske dollar (Kz) | ||||
| Tiidsône | UTC +12 | ||||
| Nasjonale feestdei | 6 febrewaris | ||||
| Lânkoade | NZE | ||||
| Ynternet | .nz | ||||
| Tillefoan | 64 | ||||
Nij-Seelân is in lân yn it súdwesten fan de Grutte Oseaan. It bestiet út twa grutte eilânnen en in oantal lytsere eilannen. Nij-Seelân is in parlemintêre monargy, lid fan de Britsk Steatebûn mei Elizabeth II as steatshaad.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Lizzing
Nij-Seelân wurdt begrinzge troch:
- Nij-Kaledoanje, Fiji en Tonga yn it noarden;
- Austraalje en de Tasman See yn it westen, noardwesten;
- Antarktika yn it suden.
- Grutte Oseaan yn it easten.
[bewurkje seksje] Lânskip
Nij-Seelân is it lân dat it meast isolearre leit op de wrâld. It tichteby buorlân is Austraalje op om-ende-by 2000 km ôfstân. It grûngebiet fan Nij-Seelân bestiet yn haadsaak út twa eilannen yn de Grutte Oseaan dy't Noardereilân en Sudereilân hjitte en dy't fan inoar skieden wurde troch de Strjitte fan Cook. Karakterisearjend foar beide eilannen is de berchrêge dy't der oer hinne rint.
Op it Noardereilân lizze aktive fulkanen en in protte geisers en waarme boarnen. It Sudereilân wurdt behearske troch de by de westkust lâns útstrekke, goed 300 km lang en foar in part bedekt mei gletsjers Nij-Seelânske Alpen (Mount Cook, 3764 meter), dy't oant de de westkant styl ôfrint en yn it easten oergiet yn in wide flakte. Yn it súdwesten leit in fjordengebiet. De oarspronklike fegetaasje is foar it grutste part yn de 19e ieu ferdwûn troch de oanlis fan greiden.
It lân beskikt oer in unike dierewrâld mei fral ynhiemske fûgelsoarten (kea, kakapo, kiwi). By it grûngebiet fan Nij-Seelân hearre ek it min tagonklike mei bosken bedekte Stewardeilân, grutte stikken fan Antarktika en in hânfol gebieten yn de Stille Súdsee.
[bewurkje seksje] Demografy
[bewurkje seksje] Befolking
Fan de Nij-Seelânske befolking wenje goed trije miljoen op it Noardereilân en ien miljoen op it Sudereilân. De tichtbefolke regio is Greater Auckland mei om-ende-by in miljoen ynwenners.
Om-ende-by 70% fan de befolking is fan Jeropeeske komôf; fral út de lannen Grut Brittanje en Ierlân, mar ek in protte út Súd-Afrika, Nederlân en Dútslân. Maorys meitsje 14,7% fan de befolking út. It oare part 15% komt yn haadsaak út Aziatyske lannen en Oseaanje. It tal Aziatyske ymmigranten groeit noch hieltyd.
[bewurkje seksje] Religy
It kristendom is de grutste religy, hoewol't it oantal kristenen de lêste jierren hiel bot tebek rint. In protte leauwenden hawwe de tsjerke ferlitten. De Anglikaanske Tsjerke en de Roomsk-Katolike Tsjerke foarme de grutste tsjerken yn Nij-Seelân.
