Súd-Afrika
Ut Wikipedy
|
|||||
| Offisjele taal | Afrikaansk, Ingelsk, Zulu, Xhosa, Swazi, Ndebele, Súd-Sotho, Noard-Sotho, Tswana, Venda, Tsonga | ||||
| Haadstêd | Pretoria | ||||
| Steatsfoarm | Republyk | ||||
| Gebiet % wetter |
1.221.037 km² -% |
||||
| Ynwenners (2005) | 46.888.200 | ||||
| Munt | Rand (ZAR) | ||||
| Tiidsône | UTC +2 | ||||
| Lânkoade | ZAF | ||||
| Ynternet | .za | ||||
| Tillefoan | 27 | ||||
Súd-Afrika (Afrikaansk: Suid-Afrika, Ingelsk: South Africa of yn it Súd-Afrikaans-Ingels: Seffrica, Noard-Sotho: Afrika Borwa), is in lân dat, sa as de namme bliken docht, oan de súdpunt fan Afrika leit. It lân grinzet yn it noarden oan Namybje, Botswana en Simbabwe, yn it easten oan Mozambyk en Swazilân. De ûnôfhinklike steat Lesoto wurdt hielendal omsletten troch Súd-Afrika.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Lizzing
Súd-Afrika wurdt begrinzge toch:
- Namybje yn it westen en noardwesten;
- Botswana, Simbabwe en Swazilân yn it noarden,
- Mozambyk yn it easten;
- de Atlantyske Oseaan en Grutte Oseaan yn it suden.
Lesoto wurdt alhiel troch Súd-Afrika omklamme.
[bewurkje seksje] Lânskip
It lânskip hat in protte fariaasje, it binnenlân bestiet út heechflakte, bylâns de râne lizze rûge heuvels en oan de kust in smelle flakke stripe. It tusken de 1000 en 1800 meter hege, útstrekke sintrale heechlân fan de Karroo wurdt ûnderbrutsen troch ôfhandich lizzende berchpiken en yn it easten begrinzge troch it Drakensberchtme. Fierders nei it easten leit de trochstrings smelle kuststripe dy't net folle ûnderbrutsen wurdt.
De heechste berch fan it lân is de Njesuty op 3408 meter hichte. It klimaat fan Súd-Afrika is trochstrings subtropysk.
Súd-Afrika beskikt oer in protte natuerlike rykdommen: goud, groom, antimoon, stienkoal, izererts, mangaan, nikkel, fosfaten, tin, uranium, diamanten, platina, koper, fanadium, sâlt, ierdgas.
[bewurkje seksje] Skiednis
De skreaune skiednis fan Súd-Afrika set útein op 6 april 1652 as Jan van Riebeeck yn tsjinst fan de VOC in ferfarskingsstasjon stiftet by Kaap de Goeie Hope. Dizze Nederlânske delsetting wreide himsels yn de 17e en 18e ieu stadich ú nei it easten oant de Fiskrivier.
Yn 1806 besetten de Britten de Kaap en hienen de Nederlanners it net mear foar it sizzen. Letter ûntstie der argewaasje tusken de Britten en de Nederlânske boeren, ûnder oare fanwegen de kompensaasje foar de ôfskaffing fan de slavernij. In soad Nederlânske (en ek Dútske en Hugenoatske) kolonisten, bekend as Boeren, lutsen yn de jierren 1830-1840 ûnder de saneamde Grutte Trek fuort út de kaapkoloanje, en stiften ûnôfhinklike republiken, de Oranje Frijsteat en Transvaal. In krewearjen fan de Boeren om ek Natal yn te lûken waard ôfslein troch de Sûloes ûnder lieding fan Dingaan, de broer fan de ferneamde Shaka Sûloe. It wienen foaral syn oarloggen tsjin oare stammen dêr't de Boeren sa maklik opgong troch meitsje koenen. Letter waarden de Sûloes ferslein troch de Britten.
Yn 1867 waarden der diamanten en yn 1886 goud fûn yn de Boererepubliken. Troch dizze ûntdekkings naam de rykdom, ymmigraasje en ûnderwerping fan de oarspronklike bewenners ta. De Boeren fersetten harren in skoft lang tsjin de Britten, mar waarden ferslein yn de Earste Boereoarloch (1880-1881) en de Twadde Boereoarloch (1899-1902). Yn 1910 waard de Uny fan Súd-Afrika foarme, dy't in ûnôfhinkelike steat waard yn it Britske Mienebest. Yn 1931 waard Súd-Afrika in Dominion. Súd-Afrika fierde de polityk fan apartheid (skieden ûntwikkeling fan de ferskate rassen) yn, hokker nei de ferkiezingsoerwinning fan de Nasjonale Partij yn 1948 noch fierder fersterke waard.
Yn de jierren '90 einige de apartheid. De doetiidske presidint de Klerk liet de bekende anti-apartheidsaktivist Nelson Mandela frij op 11 febrewaris 1990, en yn 1994 waarden foar it earst algemiene ferkiezings foar alle rassen hâlden. Troch de oerwinning fan it ANC, kaam der in nij bestjoer dat foar in grut part út minsken bestie út de (foaral swarte} anti-apartheidsgroepearring. De lieding wie earst yn hannen fan, letter ûnder Thabo Mbeki. It nije regear fierde in belied fan 'rjochtstellende aktie' om de ûngelikenens fan it ferline in ein te meitsjen. Sûnt 1996 is der in nije grûnwet. Súd-Afrika is in republyk yn transformaasje. It is ek it lân mei in ferskuorrend grut ferskil tusken earm en ryk, en it hat it heechste persintaazje HIV-besmetten yn de wrâld.
[bewurkje seksje] Demografy
[bewurkje seksje] Befolking
Neffens de lêste folkstelling fan 2001 bestie de befolking fan Súd-Afrika út .... ynwenners. Lykwols nimt de befolking alle jierren mei 0,46% yn grutte ôf. Dizze ynkrimping wurdt feroarsake troch de AIDS-epidemy.
Súd-Afrika is im multy-etnysk lân. It hat de grutste fan oarsprong Jeropeeske en Yndiaaske befolking fan Afrika. By de folkstelling wie 79% fan de befolking swart, 10% blank, 9% kleurling en 3% wiene Ynjers.
[bewurkje seksje] Taal
Yn Súd-Afrika wurde in protte ferskillende talen sprutsen dêr't alve offisjeel fan binne. Nei Ynje is Súd-Afrika dêrmei it lân mei de measte offisjele talen. .
- Offisjele:
- Soeloe 24%,
- Xhosa 18%,
- Súdafrikaansk 13%,
- Noard-Sotho 9%,
- Tswana 8%,
- Ingelsk 8%,
- Súd-Sotho 8%,
- Tsonga 4%,
- Swazyi 3%,
- Venda 2%,
- Súd-Ndebele 2% (folkstelling 2001)
Yn de grûnwet fan Súd-Afrika stiet ek dat it Khoi, San, Nama en de Súd-Afrikaanse Gebeartetaal befoaredere wurde, mar dizze talen binne net offisjeel. Oare net offisjele talen binne it Dútsk, Portegeesk, Frânsk, Fanagalo, Lobedu, Noard-Ndebele en Phuty.
Fan de befolking boppe de 15 jier kin 86,4% lêze en skriuwe.
It Súdafrikaansk hat him út it Nederlânsk ûntwikkele en is nau dêroan besibbe.
[bewurkje seksje] Religy
Neffens de lêst folkstelling wie 79,7% fan de Súdafrikaanske befolking kristen. Hjirfan hearen 11,1% by de Zion Christian Church, 8,2% by Pinkstergemeente, 7,1% by de Roomsk-Katolike Tsjerke, 6,8% by de Metodistetsjerke, 6,7% by de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke, 3,8% by de Anglikaanse Tsjerke en hearden 36% by oare kristlike tsjerken. Meastepart fan de blanke Afrikaners heare fan âlds by de kalvinistysk-protestantske Nederdútsk Grifformearde Tsjerke.
Fan de befolking hinget 1,5% de islam oan en 1,3% it hindoeïsme. 15,1% fan de Súdafrikanen wie net leauwich, 2,3% hat in oar leauwe en fan 1,4% wie it net bekend. In protte minsken dogge sawol oan it kristlik leauwe as in natoerreligys.
[bewurkje seksje] Ekonomy
BYP per persoan is $9.700 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 3,2% lânbou, 31,3% yndustry en 65,5% tsjinsten.