Grutte Trek

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Foartrekkersmonumint, Pretoria

De Grutte Trek is de namme foar de tocht wêrmei't Nederlânsktalige boeren fan Súd-Afrika fuort setten omdat se net mear ûnder it Brits koloniale bestjoer hearre woenen. De tocht gie nei it easten en noarden yn de perioade rûn 1840. De Grutte Trek soe liede ta de oprjochting fan de ferskillende boererepubliken, dy’t ek tegearre mei de kaapkoloanje in basis foarmje soene foar it oprjochtsjen fan de Uny fan Súd-Afrika en it hjoeddeistige Súd-Afrika.

De foartrekkers[bewurkje seksje | edit source]

Yn de jierren tritich fan de njoggentjinde ieu fûn in grut folkeferfarren plak yn it hjoeddeistige Súd-Afrika. Dit folkeferfarren soe de skiednis fan it lân drastysk beynfloedzje. Yn de jierren 1830 oant 1850 binne nei skatting likernôch 12.000 Nederlânske kolonisten nei de takomstige provinsjes Natal, Oranje Frijsteat en Transfaal lutsen. Dizze kolonisten wienen grutdiels fan Nederlânske en Fryske komôf, derneist wienen der ek in tal Dútske en Flaamske kolonisten. Dizze befolkingsgroep soe letter Boeren neamd wurde en binne no bekend as Afrikaners. De Boeren lutsen fuort om te ûntsnappen oan it Britske gesach, grinsoarloggen mei de ‘kaffers’, britske kolonialisme en feringelsing en om de waaksende befolkingsdruk te ferlichtsjen. Dizze trekkers waarden foartrekkers neamd.

De Foartrekkers waarden foarme troch twa groepen boeren, de saneamde Trekboeren, semi-nomadyske boeren en de grinsboeren, dy't oan de râne fan de kaapkoloanje libben en it noch net ûntdutsen woeste 'swarte' efterlân. De measte Kaap-Hollanners, sa't de Nederlânske kolonisten doetiids neamd waarden, lutsen net fuort. It wie relatyf in lyts part fan de Nederlânske befolking dy’t it Brits gesach ûntrûn troch it lân yn te lûken.