Apartheid

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sign reading "For use by white persons. These public premises and the amenities thereof have been reserved for the exclusive use of white persons." with translation in Afrikaans.
In boerd ut de tiid fan Apartheid.
Apartheid: allinne blanken op it strân.

Apartheid wie it offisjele systeem fan rasseskieding dat tusken 1948 en 1990 yn Súd-Afrika en it hjoeddeiske Namybje bestien hat. It wurd apartheid komt út it Afrikaansk en is as lienwurd yn hast eltse oare taal sûnder oersetting oernaam. It earst waard it wurd brûkt yn 1919 (foar safier't wy witte), yn in taspraak fan Jan Christiaan Smuts, de doetiidske earste minister fan Súd-Afrika.

Yn in reaksje op de taspraak fan Jan Smuts hat Hendrik Verwoerd ris sein dat hy ynstee fan apartheid leaver hie dat men fan it systeem spruts as goed mei-inoar buorje. Hendrik Verwoerd dy't yn Súd-Afrika tahâlde, mar Nederlanner wie, wie in wichtich foarmjouwer fan it apartheidsysteem. It systeem bestie al yn de Britsk koloaniale tiid (tink mar oan de Paswetten yn de Kaapkoloanje en Natal yn de 19e ieu), mar wie net offisjeel ynfierd.

Der wurdt ûnderskied makke tusken saneamde grutte en lytse apartheid. De lytse apartheid wie it meast bekend en omfette de rasiale segregaasje binnen wenmienskippen. Middels in mânsk pakket wetten waarden blanken en swarten twongen om skieden te libjen. De bêste foarsjennings kamen de ekonomysk sterkere blanken ta. De grutte apartheid wie it belied fan it tawizen fan beskate lânsdielen oan de ferskillende rassen en se dêrnei ûnôfhinklikens te ferlienen. Ek yn dizze saak wienen de blanken yn de praktyk it bêste ôf.

De grutte apartheid[bewurkje seksje | edit source]

Der waarden tsien "selfstannige gebietsdielen" foar de swarte befolking ynsteld, de saneamde thúslannen. Fjouwer dêrfan, Bophuthatswana, Ciskei, Transkei en Venda, waarden troch Súd-Afrika as selstannige steaten beskôge, mar wiene troch gjinien oar lân erkend.

De thúslannen omfiemen mar 13% fan it totale lânoerflak fan Súd-Afrika, wylst it de bedoeling wie om úteinlik de hiele swarte mienskip dêr ûnder te bringen. Boppedat hie it regear de bêste gebieten oan de blanken tawiisd. De thúslannen wiene faak droege heuvelige stikken lân dy't geografysk meast ek gjin ienheid foarmen, dy't faak gjin yndustry en oars ek net genôch wurkgelegenheid hiene, dat de swarte befolking koe faak allinne bûten it thúslân wurk krije.

De swarten waard it Súd-Afrikaansk steatsboargerskip ûntnaam yn 1958, en se waarden steatsboargers fan ien fan de thúslannen, ek at hja dêr net wennen. Fansels woenen de measten dit ek net om't der gjin wurk wie. Wa't lykwols as swarte yn 'blank' Súd-Afrika wenjen bleau waard dêr beskôge en behannele as in frjemdling, wat juridysk in ekstra reden wie om swarten oars (lês: minder) te behanneljen as blanken. Se wienen no ommers bûtenlanners.

Afrikaansk[bewurkje seksje | edit source]

It Afrikaansk wie yn dizze perioade de dominante taal fan Súd-Afrika. Dat is no noch altyd te fernimmen oan it feit dat in soad kleurde minsken it Afrikaansk as twadde taal hawwe en faken gjin ingelsk sprekke. Hoewol't it Ingelsk sterk opgong makket, bliuwt it Afrikaansk in wichtige taal, al is dat op it iene plak sterker as op it oare. Foar en yn it tiidrek fan de apartheid wie it dé taal yn de kommunikaasje tusken de ferskillende befolkingsgroepen, neist it troch de (blanke) oerheid brûkte Ingelsk.

De lytse apartheid[bewurkje seksje | edit source]

It apartheidsbelied wie alhiel rjochte op it skieden hâlden fan de de ferskillende rassen yn it iepenbiere libben én it partikuliere libben en waard yn wetten fêstlein. Sa moast it ras suver hâlden wurde.

Hjir folgje in stikmannich apartheidswetten:

  • De wet op ferbod fan mingde houliken (1949)
  • De ûntuchtwet (1950) - ferbod op seksuele relaasjes mei in oar ras.
  • De wet op befolkingsregistraasje (1950) - it registrearen fan ras wie ferplicht.
  • De groepsgebietewet (27 april 1950) - wurkferbod fan oare rassen yn steedlike gebieten.
  • De wet op aparte gerieven (1953) - ferbod op it brûken fan deselde iepenbiere foarsjennings.
  • De wet op Bantoe-ûnderwiis (1953) - swarten waarden ûnderrjochte yn it Afrikaansk
  • De wet op wurkgelegenheden (1956) - bettere banen wienen reservearre foar blanken.
  • De wet op befoardering fan Bantoe-selsregear (1958) - befoarderjen fan ûnôfhinklikens fan thúslannen.
Lizzing fan de bantustannen yn Súd Afrika
Plattelân fan Ciskei, ien fan de "thúslannen"

It rasiale planningsramt dêr't de apartheid yn útfierd waard troch nei-inoar kommende kabinetten kin dúdlik wurde út in taspraak fan Verwoerd yn maaie 1952 as minister fan 'Naturellen Zaken' oan it parlemint, w^ryn't er ûnder oaren de folgjende punten oanfierde:

  • Eltse stêd ("town or city"), fral yndustysteden, moat íén swarte township hawwe;
  • Townships moatte grut wêze en sa oanlein wurde dat se harren útwreidzje kinne sûnder dat sy oer rinne yn in oar rasiaal gebiet;
  • Townships moatte op foldwaande ôfstân fan blanke gebieten lizze;
  • Swarte townships soene skieden wurde moatte fan blanke kriten troch besteande of plande yndustrygebieten;
  • Townships soene op gaadlike ferfiersôfstân fan in stêd lizze moatte, it persoaneferfier leafst it leafst fia it en nei oer de dyk;
  • Alle rasiale groepgebieten soene sa pleatst wurde moatte dat se tagong biede ta in yndustriegebiet foar elsenien en it sakedistrikt (CBD) sûnder dat der reizge wurde hoecht troch it groepsgebiet fan in oar ras;
  • Der soene gaadlike iepen--buffergebieten om de swarte township hinne wêze moatte, dêr't de breedte fan ôfhingje moat fan oft de grins wol as net tsjin ticht- of tinbefolke blanke gebieten oan leit;
  • Townships soene op gâns in ôfstân fan haad- en mear spesifyk nasjonale wegen lizze moatte; it gebrûk dêrfan foar lokaal transport soe ûntmoedige wurde moatte;
  • Op in ferkeerd plak lizzende gebieten soene nei in oar plak ferhúzje moatte;
  • Elts wol syn [sic] betsjinjend personiel en syn arbeiders, mar jin wolle gjin lânseigenen om de doar hawwe yn jin eigen bûtenwyk (Williams, 2000:167-168 in Winchester, H.P.M., et al., 2003[1]).

Ynternasjonale gefolgen[bewurkje seksje | edit source]

Doe't Yndia yn 1947 ûnôfhinklik waard en yn it Mieniebest bleau, besleat Hendrik Verwoerd de ûnôfhinklikens fan Súd-Afrika ek oan te freegjen. De oanfraach waard lykwols fersmiten mei it argumint dat it systeem fan rassesegregaasje net as winslike regearfoarm beskôge waard. It apartheidsysteem krige in enoarm soad krityk, foaral fan it Yndiaaske lid fan it Gemienebest. Ek Kanada wie fûl tsjinstanner fan it systeem. Uteinlik hat dat laat ta ûnôfhinklikens fan Súd-Afrika bûten it Mienebest. Súd-Afrika waard út reden fan har rassebelied ek út in protte ynternasjonale organisaasjes ferballe.

De apartheid hat laat ta fan troch de steat skieden wengebieten fan blanken oan de iene kant en swarten oan de oare. Súd-Afrika hie fanwegen de apartheid te krijen mei in ekonomyske boykot. Nei't Nelson Mandela yn 1990 nei 27 jier finzenskip út de Victor Versterfinzenis frijlitten waard en mei syn partij ANC de macht krige, waard de apartheid formeel opheft. Yn 1994 waarden de earste algemiene, foar alle rassen tagonklike, ferkiezings hâlden, wêrnei't Mandela presidint waard.

Hjoed de dei[bewurkje seksje | edit source]

Hoewol't apartheid offisjeel net mear bestiet is de minachting fan de iene befolkingsgroep foar de oare oeral noch wol oanwêzich, ûnder blank én kleurd en troch swart.

Yn Súd-Afrika leit it diskriminaasjepersintaazje tusken kleurlingen dy't swarten minachtsje heger as dat fan blanken dy't swarten diskriminearje. In kleurling wurdt nea graach oansprutsen as swart, wat yn de Feriene Steaten wol faak bart en net frjemd fûn wurdt, dat jout faak ûnbegryp. Alderen diskriminearje likefolle as jongeren dy't fan harren beynfloede wurde. It persintaazje mingde houliken yn Súd-Afrika is noch hieltyd tige leech en de akseptaasje fan it mingde houlik is net te fergelykjen mei dy yn Europa.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Winchester, H.P.M., et al., (2003) Landscapes, ways of imaging the world, p. 85, Pearson Education ltd, Harlow (oerset út it Ingelsk)