Afrikaansk

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Yn it donkerblauwe gebiet wurdt troch 70 persint fan de minsken Afrikaansk praat

Afrikaansk is in Westgermaanske taal, basearre op it Nederlânsk. It wurdt praat yn Súd-Afrika, benammen troch de wite befolking. De útspraak en grammatika fan it Afrikaansk is mear analytysk en simpeler as oare Germaanske talen. In protte talen hawwe it Afrikaansk beynfloede en it hat in soad unike wurden. Tsjintwurdich is Afrikaansk ien fan de 11 offisjele talen fan Súd-Afrika.

Afrikaansk en Nederlânsk binne noch foar in grut part ûnderling fersteanber. Afrikaansk is ek foar Frysk-sprekkers maklik te learen.

[bewurkje seksje] Skiednis fan it Afrikaansk

Oant de 19e ieu hat it Afrikaansk bestien as sprektaal, en it Nederlânsk as de formele skreaune taal. Nederlânsk wie foaral de taal fan de skoalle en de tsjerke. De opkomst fan kranten soarge derfoar dat minsken foar it earst yn it Afrikaansk publisearje koenen. Hjir komt de earste foarm fan it Afrikaans as skriuwtaal. It liket noch bot op it Nederlânsk en wurdt allinnich brûkt troch de blanken. Foar Kaapske moslims wie it Afrikaansk neist it Arabysk al yn de njoggentjinde ieu as in folweardige taal brûkt foar de godstsjinst, mar die wie mear om in praktyske reden. Men woe it islamitysk leauwe befoarderje. De Moslimmienskip wie net belutsen by de taalbeweging.

Op 14 augustus 1875 is it Genoatskip fan Rjochten foar Afrikaners yn Paarl stifte ûnder lieding fan Stephanus du Toit. Dizze organisaasje hie as doel om it Afrikaansk te befoarderjen en om de taal út te bouwen ûnder mear troch de bibel oer te setten. Dit betsjut net dat dit it begjin is fan it Afrikaansk. De earste Nederlanners dy’t harren deljoegen op de Afrikaanske grûn brûkten stadichoan oare wurden as de Nederlanners yn Nederlân. Yn 1925 is it Afrikaansk neist it Ingelsk en it Nederlânsk in amtlike taal wurden. It oersetten fan de bibel wie klear yn 1933. Mei de nije funksje as amtlike taal is de wurdskat fan it Afrikaansk útwreide. Der binne mear as 200 Afrikaanske wurdboeken útkaam. Om de taal út te bouwen binne faak wurden brûkt út it Nederlânsk.

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings