Lesoto
|
|||||
| Offisjele taal | Ingelsk, Sesoto | ||||
| Haadstêd | Maseru | ||||
| Steatsfoarm | Monargy | ||||
| Gebiet % wetter |
30.355 km² -% |
||||
| Ynwenners (2006) | 2.128.180 | ||||
| Munt | loti, rand (LSR, ZAR) | ||||
| Tiidsône | UTC +2 | ||||
| Nasjonale feestdei | 4 oktober | ||||
| Lânkoade | LES | ||||
| Ynternet | .ls | ||||
| Tillefoan | 266 | ||||
Lesoto, eartiids Basutolân, is in lân dat folslein begrinzge wurdt Súd-Afrika. Op 4 oktober 1966 waard it ûnôfhinklik fan Grut-Brittanje en is hjoed lid fan de Afrikaanske Uny.
Ynhâld |
Geografy [bewurkje seksje]
It leechste punt fan Lesoto leit om de 1400 meter, 80% fan it eilân leit boppe de 1,800 meter. Lesoto is it iennichste lân op 'e wrâld dat folslein boppe 1,000 meter hichte leit. Der binne twa rivieren, de Oranje- of Senqurivier en de Makhalengrivier.
Beammen en strewelleguod komme amper foar yn Lesoto. Gerssavannen en berchgreiden binne de oerhearskjende foarmen fan fegetaasje.
Skiednis [bewurkje seksje]
Yn de 19e ieu ûntstie it keninkryk fan de Basoto, dat nei it Britsk koloniale tiidrek yn 1966 selsstannich waard. Sûnt 1993 is Lesoto in konstitúsjonele monargy. Wichtich foar it lân is de nauwe relaasje mei Súd-Afrika.
Demografy [bewurkje seksje]
Befolking [bewurkje seksje]
Lesoto hat in befolking fan goed 2.067.000. Likernôch 25% wennet yn stedlike gebieten, de oare 75% benammen op it plattelân. Lykwols nimt de befolking yn de steden alle jierren mei 3,5% ta. De befolkingstichtens yn de heechlannen is leger as yn de westlike leechlannen.
Etnyske kloften en talen [bewurkje seksje]
De etnysk-linguïstyske struktuer fan Lesoto bestiet sawat folslein út Basoto, in Bantû-sprekkende folk: nei skatting 99,7% fan de minsken binne te identifisearen as Basoto. Oare etnyske kloften binne Jeropeanen en Sinezen. De Basoto falle bestien út ferskillende subkloften (stammen), û.o. Bakuena (Kuena), Batloung (de Tlou), Baphuthi (de Phuti), Bafokeng, Bataung (de Tau), Batšoeneng (de Tšoene), Matebele, ensfh.
De wichtichste taal is Sesoto (of Soto) dat mei it Ingelsk is de offisjele talen fan it lân binne.
Religy [bewurkje seksje]
De religy fan de Lesoto befolking wurdt skatten op likernôch 90% kristenen. De oare 10% fan de befolking binne moslims, hindoes, boedisten en Baha'i-folgelingen
Distrikten [bewurkje seksje]
Lesoto is administratyf yndield yn distrikten, mei de distrikssjef as polityk lieder. De haadplakken fan de distrikten wurde camptowns neamd. Meiïnoar binne der tsien distrikten.
| Namme | Haadplak | Oerflak (km²) | Ynwennertal (2001) |
|---|---|---|---|
| Berea | Teyateyaneng | 2.222 | 300.557 |
| Butha-Buthe | Butha-Buthe | 1.767 | 126.948 |
| Leribe | Hlotse | 2.828 | 362.339 |
| Mafeteng | Mafeteng | 2.119 | 238.946 |
| Maseru | Maseru | 4.279 | 477.599 |
| Mohale's Hoek | Mohale's Hoek | 3.530 | 206.842 |
| Mokhotlong | Mokhotlong | 4.075 | 89.705 |
| Qacha's Nek | Qacha's Nek | 2.349 | 80.323 |
| Quthing | Quthing | 2.916 | 140.641 |
| Thaba-Tseka | Thaba-Tseka | 4.270 | 133.680 |