Transfaal

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Transvaal")
Gean nei: navigaasje, sykje
Transfaal yn de Uny fan Súd-Afrika

Transfaal (Afrikaansk: Transvaal) wie ien fan de provinsjes fan Súd-Afrika fan 1910 oant 1994. De provinsje waard yn 1994 opdield tusken Gauteng, Noardwest, Limpopo en Mpumalanga.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It gebiet wurdt al bewenne sûnt de 8e ieu troch de Fenda- en Sesotofolken. Fan 1817 ôf wiene der ynfallen troch ferskate Ngunifolken, lykas de Matabele dy't út Natal ferdreaun wiene. Letter waard it gebiet kolonisearre troch de Boeren.

Tusken de jierren 1830 en 1850 trieken de Boeren, ôfstammelingen fan Nederlânske kolonisten, it gebiet binnen yn harren Grutte Trek. Dy Foartrekkers flechten foar it Britsk bewâld fan de Kaapkoloanje. Hja oermasteren de lokale stammen sûnder muoite te dwaan, om't hja bettere wapens hienen. De Boeren stiften yn dit gebiet ferskillende Boererepubliken.

Op 17 jannewaris 1852 erkende Grut-Brittanje de ûnôfhinklikheid fan it gebiet benoarden, oer, de Faal - Trans-faal. Yn 1856 werneamden de Boeren harren lân de Súd-Afrikaanske Republyk, en in nije, rasistyske grûnwet waard opsteld.

De flagge fan Transfaal
Magaliesberch, in berchrige by Pretoria
De Blyderivier-canyon

Yn 1877 hie de republyk te kampen mei ekonomyske problemen en oanfallen fan Soeloes. Grut-Brittanje anneksearre Transfaal, sabeare om de Boeren te "rêden". De Boeren seagen de ynfal lykwols terjochte as in oarlochsferklearring, wat late ta de Earste Boere-oarloch. De Pretoriakonvinsje fan 1881 joech it gebiet it rjocht om himsels te regearen, ûnder de Britske flagge. Yn 1884 krige de republyk syn ûnôfhinklikheid werom. Al rillegau waard lykwols goud ûntdekt yn Wytwettersrâne (1885), wêrtroch't ôfgryslike protten nije kolonisten, de útlanners, it gebiet binnentrutsen. Yn 1895 besocht de premier fan de Kaapkoloanje, Cecil Rhodes, in steatsgreep tsjin it Transfaalske regear. Mar dizze Jameson Oerfal waard in fiasko. Der ûntstienen al gau geroften dat Dútslân de Boere-republyk stypje soe, wat de Britten ferûntrêste. Ut eangst foar Britske anneksaasje foelen de Boeren de Britten oan yn 1899. Sa begûn de Twadde Boere-oarloch, dy't de Boeren úteinlik ferlieze soenen.

Yn maaie 1902 joegen de lêste Boeren har oer en Transfaal waard, tegearre mei de Oranje Frijsteat, diel fan it Britske Ryk. Yn 1910 waard Transfaal in provinsje fan de nije Uny fan Súd-Afrika, in Britsk dominion. Yn 1961 stapte de uny út de Britske Steatebûn en waard de Republyk fan Súd-Afrika.

Yn 1994, nei de earste algemiene ferkiezings fan Súd-Afrika, waarden de eardere provinsjes herfoarme en waard de provinsje Transfaal ôfskaft.

Postsegel út Transfaal

Stêden yn Transfaal:[bewurkje seksje | edit source]