Goud

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Goud

Goud is in skiekundich elemint mei symboal Au en atoomnûmer 79. It is in giel metallyk oergongsmetaal. It is al sûnt de streamkultueren (Heine Easten van 3500 f.Kr. oant 800 f.Kr.) tige wurdearre en is roastfrij, dêrom wurdt goud soms "de kening fan de metalen" neamd.

Untdekking[bewurkje seksje | edit source]

Suver goud is in ticht mar sêft metaal. Eardat it brûkt wurde kin, moat it suvere wurde en foar de measte doeleinen wurdt it mongen mei oare materialen om it hurder te meitsjen. De suverheid fan goud foar sieraden wurdt mjitten yn karaat; suver goud is 24 karaat. Faak foarkommende suverheidsgraden yn Fryslân binne 14 karaat (58,5% goud), 18 karaat (75%) en 22 karaat (91,6%). Goud wurdt al lange tiid as weardefol metaal sjoen. Yn Egyptyske hiëroglifen fan de 26e ieu f.Kr. wurdt al melding makke fan goud as betelmiddel. Oant ± healwei de 20e ieu waard goud noch faak brûkt foar munten.

Yn de âldheid wie goud net allinnich bekend as weardefol, mar gie der ek magy fan út en stie it symboal foar suverheid. Algemisten hawwe lange tiid socht om de stien fan de wizen, om oare materialen om te setten yn goud. Dat it harren nea slagge is, is út de hjoeddeiske ynsichten oer de opbou fan atomen goed te ferklearjen.

Yn de 19e ieu binne der benammen yn de Feriene steaten en Austraalje in soad goudboarnen ûntdekt, wat de goldrushes, of goudkoarts ta gefolgen hie.

It symboal fan goud Au is de ôfkoarting fan it Latynske aurum. De namme goud is ôflaat fan de Indo-Europeeske woartel *ghelwa, wat yn it Sanskryt late ta jval.

Tapassings[bewurkje seksje | edit source]

As suver metaal is goud sa goed as ûnbrûkber foar yndustryele tapassings trochdat ist sa sêft is. Dêrom wurdt it faak brûkt yn legearings omdat it elemint treflike elektryske eigenskippen hat en tige korroazjebestindich is. Sûnt de 20e ieu is goud praktysk ûnmisber yn de yndustry. Inkele tapassingen binne:

  • Kwalitatyf heechweardige elektryske skeakelders en konnektors.
  • Yn de romtefeart as coating foar keunstmoannen omdat goud ultrafiolette strieling goed reflektearret.
  • Hoewol't it faak ferfongen is troch oare metalen wurdt yn guon monetêre stelsels goud (noch) brûkt foar muntjild.
  • Yn in soad elektroanyske komponinten wurdt goud brûkt.
  • De radioaktive isotoop 195Au wurdt brûkt by kankerûndersyk.
  • It dekken fan papier- en muntjild (sulver wurdt dêrby ek brûkt)
  • Yn de skiednis fan de minsk wie goud fanwege syn glâns en krapte altiten in symboal fan wielde. Húshâldlike foarwerpen waarden dan ek soms fan goud makke of fergulde. Itselde gou foar keunstwurken.
  • De moaie glâns en de goede korroazjebestindichheid makken goud in populêr metaal foar sieraden. 80% fan alle goud wurdt hjirfoar brûkt.
  • Borduerwurk mei goudtried, eigentlik slachmetaal.
  • Kroanen yn de toskhielkunde

Opmerklike eigenskippen[bewurkje seksje | edit source]

Metallysk goud hat in giele glânzjende kleur. Tige fyn ferdield kin it ek oare kleuren lykas swart of donkerpears oannimme. Fan alle bekende metalen dy't by keamertemperatuer fêst binne, is goud, nei lead, it maklikst te bûgen en te ferfoarmjen. In blokje goud fan 1 gram kin plette en walske wurde ta in plaat blêdgoud mei in oerflak fan 1 kante meter. Blêdgoud kin lime wurde op foarwerpen wêrtroch't dy fergulde wurde. It is tagelyk ek mooglik om goud middels elektrolyze op foarwerpen oan te bringen.

Goud is in poerbêste elektryske en termyske gelieder en sa goed as ynert.

Goudgemy[bewurkje seksje | edit source]

Goud stiet bekend as in ynert edelmetaal dat mar in bytsje reaktiviteit fertoant. It reageart bygelyks net mei soerstof. Dochs binne der frijwat goudferbinings bekend lykas goudhalogeniden en goudgalkogeniden. It metaal is oplosber yn keningswetter êrby't it in AuCl4-ion foarmet.

Mei swierdere eleminten, lykas tellurium is de reaktiviteit sels frij grut. Goudtelluride is in mineraal en gouderts.

Goud foarmet yn de regel ferbinings mei in oksidaasjegetal +1 of +3. Mar der is ek in lyts oantal ferbinings wêryn it sels as oksidator optreedt en oksidaasjegetal -1 oannimt, de auriden.

Ferskining[bewurkje seksje | edit source]

Troch de relative ynertheid komt goud faak yn net-bûne foarm yn de natoer foar. Soms wurdt it yn grutte hoemannichten oantroffen, mar meastal komt it foar as spoare-elemint yn mineralen. Yn hast de heule ierdkoarste komt goud yn tige lytse konsintraasjes foar yn de mineralen petzyt, kalaveryt en sylvanyt. De hoeveelheden binne foar kommersjele winning perfoarst ûnrindabel. De heechste konsintraasjes wurde sûnt 1880 fûn yn Súd-Afrika en sa'n twatredde fan de wrâldproduksje komt út dat lân. Oare grutte goudminen lizze yn Nevada en South Dakota yn de Feriene Steaten. By de wichtichste goudprodusearjende lannen hearre ( yn 2001) ek Austraalje, Yndoneezje en Sina. Sawat twa tredde fn de winning bart yn iepen minen (deibou) en jout in soad ôffal. Foar it goud fan in ring fan 10 gram mei in gehalte fan 18 karaat ûntstiet 18000 kg ôffal. Twa bekende goudwinningsmetoades brûke it fergiftige natriumsyanide en ek fergiftige kwik neffens:

4 Au + 8 NaCN + O2 + 2 H2O → 4 NaAu(CN)2 + 4 NaOH.

It fergiftige natriumsyanide hat ûnder oare in grutte miljeuramp feroarsake by de Summitville myn yn Rio Grande County, Colorado yn de Feriene Steaten.

Benammen eartiids waard kwik brûkt omdat goud dêryn oplost (goud-kwik amalgaam).

Ornaris komt goud foar as fine kerrels, ferspraat yn in stiente. Om sichtber te wêzen foar it bleate each moat de ferhâlding goud yn gouderts mear as 30 mg/kg (30 ppm) bedrage. Foar de measte goudminen betsjut dit dat it goud yn de erts net sichtber is.

Isotopen[bewurkje seksje | edit source]

Stabylste isotopen
Iso RO (%) ferfaltiid FF FE (MeV) FP
195Au syn 168,10 d EF 1,220 195Pt
197Au 100 stabyl mei 118 neutroanen

Der bestiet ien stabile isotoop gan goud en ûngefear 18 ynstabile, wêrfan 195Au mei in ferfaltiid fan rom 168 dagen it stabylst is.

Toksikology en feilichheid[bewurkje seksje | edit source]

Foar in misklik lichem is suver goud ûnskealik en de measte goudferbinings binne net sa fergiftich. Lever- en nierbeskeadigingen, dermatitis en kolitis kinne lykwols ûntstean by relatyf hege doses goudferbiningen (yn de oarder fan grutte fan wyks inkele tsienden fan in gram) lykas nedich by de behanneling fan reumatoïde artritis. Soms mei deadlike ôfrin.[1] Kolloïdaal goud kin opnomd wurde troch saneamde makrofagen, sellen dy't in grutte rol spylje by it op gong hâlden fan ûntstekkingsprosessen (lykas by reuma), wêrnei't se deade wurde (en de ûntstekking remme wurdt). Hjirta wurdt dit goud faaks ynjektearre yn pasjinten (omdat hege doses nedich binne foar effekt).

Fierders kin goud (as sa hjitten spoare-elemint) in belangrike rol spylje foar ferskate enzymatyske prosessen; en dit kin grif optrede by lege hoemannichten yn lichem. It minsklik lichem ( by in gewicht fan 70 kg) befet fan natuere ± 0,2 mg goud.[2]

Hannel en belizzing[bewurkje seksje | edit source]

Goudstêf fan 1 kg
Goudpriis per ounce fan 1960 - 2009 yn dollars

De goudpriis wurdt bepaald per troy ounce, dat stiet ûngefear lyk mei 31,1 gram. Dizze wurdt útdrukt yn in bepaald bedrach oan Amerikaanse dollars, te bepalen op de goudmerk. Yn 2010 kaam de goudpriis op in rekordstân te stean.

Mar goud hat sûnt 1980 yn in saneamde ‘bear-market’ sitten. Nei de grutte ynflaasje fan ein jierren santich en begjin jierren tachtich rûn de goudpriis op nei in rekordhichte fan wol $887 it ounce ($2400 it ounce as ynflaasjekorreksje tapast wurdt). Doe't dizze perioade efter de rêch wie sakke de goudpriis nei in djiptepunt fan $254 it ounce yn 2001, om dêrnei nei in grutte klim te begjinnen. Deze klim is komd trochdat wrâldwiid dúdlik waard by de grutte ynvestearders en ekonomen dat de Feriene Steaten har djip yn de skulden stutsen en dizze finansierde mei harren eigen faluta fia de FED. Hjirtroch is te fernimmen dat der in taflecht is nei fysyk goud. Belizzingsgoud wurdt levere yn munten; lykas de Krugerrand, of yn bierfoarm.

Troch de relative weardefêstheid wurde ek op it ynternet mear en mear siden iepene dêr't mei firtueel besit fan goud betelle wurde kin of hannele. In foarbyld fan dizze firtuele goud-currency is E-gold. In oar foarbyld is Goldmoney.

Konsumpsje fan goud[bewurkje seksje | edit source]

Der binne ferskate dranken dêr't goud yn ferwurke is. Dit betreft 24 karaats blêdgoud.

  • Kimpun Sake
  • Goldstrike
  • Breidstriennen
  • Yn Amerika begjint it in raazje te wurden om kolloïdaal goud yn te nimmen. It soe lokkich en sûn meitsje en ek de yntelliginsje mei 20% ferheegje. Dêrta wurde doses goud ynnomd dy't de hoemannichte goud dy't fan natuere yn it lichem oanwêzich is folle kearen oerstige.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

It stoflik eigenskiplik namwurd fan goud is gouden. Wurdt eat mei in laachje goud of goudfarve bedekt, dat hjit soks ferrgoldzje. It wurd Goud hat yn it taalgebrûk syn pplak feroivere as "weardefol" en/of "duorsu", of wurdt oars figuerlijk brûkt, bygelyks:

  • In gouden brulloft: 50-jierrich houliksjierdei
  • In gouden jubileum
  • Gouden medalje
  • De gouden plaat, foar in soad ferkochte muzykalbums
  • In rendabele belizzing, in fuotballer dy't in soad skoart, in famyljelid dêr't men op rekkenje kin binne "harren gewicht yn goud wurdich".
  • De gouden ieu
  • De gouden fyk
  • De faluta gûne wie oarspronklik in gouden munt.
  • In hert fan goud
  • Dat wurdt in gouden keatling of in izeren - in faaie ûndernimming
  • Dat is myn gouden oere - myn moaiste momint
  • Oer de goudene brêge wêze - de leeftiid fan bern krijen foarby wêze
  • De goudene hoep - de diken om Fryslân

As eat foar goud(en) trochgean moat wat it winlike net is: klettergoud. In foarbyld hjirfan is gekkengoud (fgl. Ingelsk: fool's gold) it mineraal pyryt, dat troch syn goudeftige uterlik grage waar wie by pseudoalgemisten en kwaksalvers.

It wurd goud wurdt ek yn de biology brûkt om bisten en planten in namme te jaan. De namme 'gouden' kin sawol slaan op in giele kleur as op in goudeftige glâns, faak wurdt it Latynske aurata brûkt. Foarbylden binne de plant goudenrein (Laburnum anagyroides) en de goudfazant (Chrysolophus pictus), om harren giele kleuren en de gouden tuorre (Cetonia aurata) om de metallike glâns.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Gold en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berjocht:Cite journal
  2. Berjocht:Cite web