Radioaktiviteit

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gefareteken radioaktiviteit

Radioaktiviteit is it útstjoeren fan ionisearjende strieling troch materialen. It is in natuerkundich fenomeen: bepaalde isotopen binne ynstabyl en feroarje (desyntegrearje) spontaan yn in oare atoomsoarte. Dit wurdt radioaktyf ferfal neamd.

By dit proses stjoere se ionisearjende strieling út. Nei de desyntegraasje is de atoomkearn feroare fan gearstalling; hy hat mear of minder protoanen en/of neutroanen. Sa ûntsteane der oare nukliden en dêrmei bytiden in oare isotoop fan itselde elemint, mar meastal in oar elemint.

Yn guon situaasjes is it desyntegraasjeprodukt, ek wol de dochternuklide neamd, sels ek wer ynstabyl. It proses giet troch oant der in stabile atoomkearn ûntstien is. Der is dan sprake fan in ferfalkeatling.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen