Atoomkearn
Ut Wikipedy
In atoomkearn is in út protoanen en neutroanen opboude, posityf laden kearn fan it atoom. De protoanen en neutroanen (tegearre nukleoanen) byinoar opteld is de massa. Ornaris sitte der mear neutroanen as protoanen yn de kearn, mar beide ha lykwols hast deselde massa. De protoanen yn de kearn binne beskiedend foar de positive lading. De atoomkearn is in lyts part fan it atoom, mar yn de atoomkearn sit wol de measte massa fan it atoom.
De gearstalling fan de atoomkearn kin feroarje by:
- kearnspjalting, kearnreaksje dêr't de atoomkearn spjalte wurdt (kearnsintrale)
- kearnfúzje, kearnreaksje dêr't lichte atoomkearnen by gearrane ta swiere
Sjoch ek [bewurkje seksje]
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
- Wikiwurdboek-side - atoomkearn.