Gûne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De gûne is in munt basearre op de gûne (gouden) floryn.

Florâns begûn yn 1252 mei it slaan fan gouden munten, dy't nei de stêd florintyn of floryn neamd waarden. Troch de macht fan fan de stêd waard de gûne floryn om 1300 hinne oer gâns Jeropa brûkt. Doe't yn de rin fan de 14e ieu ek oare steaten begûnen mei it slaan fan dy munten waard der faak sprutsen fan gûne, om't it plak dêr't de munt weikaam net wichtich wie. Al bleau algemien fl de skreaune oantsjutting en dêrmei bleau op papier de namme floryn in synonym foar gûne. Yn de 16e ieu waard troch Karel V besletten ek in sulveren "gûne", mei deselde waarde te slaan. Koarte tiid letter ferlear de munt lykwols syn grutte ynfloed troch de populêrens fan de daalder.

De gûne hat yn alle gefallen sûnt de ein fan de 17e ieu yn gebrûk west yn Nederlân. Yn dizze foarm hat de munt bestean oant yn de 20e ieu. Mei it loslitten fan de gouden standert ûntstienen ferskate munten dy't elts gûne hieten, en ta ûnderskie mei it lân oantsjut wurde. Fierders hawwe parten fan it eardere Hillige Roomske Ryk nei 1700 in eigen gûne ynfierd. Dizze munten bestean lykwols net mear.

Keninkryk fan de Nederlannen[bewurkje seksje | edit source]

Hillige Roomske Ryk[bewurkje seksje | edit source]