Florâns
| Florâns | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 368,362(2009) | |
| Oerflak | 102.41 km² | |
| Befolkingstichtens | 3,596.9 km² | |
| Hichte | 50 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Itaalje | |
| Provinsje | Florâns | |
| Regio | Toskane | |
| Boargemaster | Matteo Renzi (Demokratyske Partij) | |
| Oar | ||
| Postkoade | 50121-50145 | |
| Koördinaten | ||
| Webside | Offisjele side fan de gemeente Florâns | |
Florâns (Italjaansk: Firenze) is in stêd yn Itaalje. It is de haadstêd fan de de regio Toskane en de provinsje Florâns. Yn de stêd wenje sa'n 370.000 minsken en leit oan de rivier de Arno. De stêd stiet bekend as de widze fan de Renêssânse en jildt dêrmei as ien fan de wichtichste kultuerstêden fan Jeropa.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Florâns waard stifte yn it jier 59 troch Romeinske feteranen dy't út it leger ûntslein waarden. Sy neamden harren stêd 'Florentia' (Latyn foar 'bloei').
Ieuwenlang soe de stêd bestjoerd wurde troch de bankiersfamylje de Medisi, wêrfan de measten in grutte belangstelling foar keunsten hiene krekt as de skilderkeunst, byldhoukeunst, arsjitektuer en literatuer. De Medisi regearen sûnt de 15e ieu oant 1737.
[bewurkje seksje] Florâns en de Renêssânse
Florâns is de meast útsprutsen renêssânsestêd fan Itaalje. Nearne oars yn Itaalje binne sa'n protte gebouwen en keunstwurken út dat tiidrek.
It belang fan Florâns as hannelsstêd docht ûnder mear bliken út it feit dat de pleatslike munt, de fiorino d'oro of Gouden Florijn, de namme liende oan in protte oare, krekt as de Hongaarske forint en dy fan Nederlân.
[bewurkje seksje] Nijsgjirrichheden
[bewurkje seksje] Tsjerken
- Santa Maria del Fiore, dy't yn de folksmûle Duomo (dom) neamd wurdt, mei de grutte koepel, dy't ûntwurpen is troch Brunelleschi, hat de stêd ynternasjonale faam jûn.
- Basilica San Lorenzo
- Santa Maria del Carmine mei de kapel La Capella Brancacci
- Santa Maria Novella
- Tsjerke Santa Croce
- Orsanmichele
- San Miniato al Monte
- Santo Spirito
[bewurkje seksje] Brêgen
- Ponte Vecchio (âlde brêge), dy't boud is yn 1345, en de Corridoio Vasariano, dy't ûntwurpen is yn 1565, lûke in soad toeristen. Wat de Ponte Vecchio unyk makket is de gong dy't boppe de winkeltjes rint. Eartiids rûnen de leden fan de foaroansteande Medisi-famylje hjir by lâns sadat sy har net ûnder it gewoane folk hoegden te bejaan.
-
Santa Maria del Fiore, in foarbyld fan de renêssânsestyl
-
De berte fan Fenus troch Sandro Botticelli (sa. 1485)
-
De Duomo, Santa Maria del Fiore
-
Perseus-standbyld fan Cellini in de "Loggia dei Lanzi"
-
"Uffizi" en "Palazzo Vecchio"