Antiljaanske gûne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Antiljaanske Gûne
Basis ynformaasje
Lân Nederlânske Antillen
Ferdieling 100 sinten
ISO 4217-kôde: ANG
Skaaimerke Naf
Wikselkoers (april 2008) 1 USD = 1,79 ANG (fix)

1 EUR = 2,8516 ANG

1 ANG = 0,35067 EUR

De Antiljaanske Gûne (ANG), of Nederlânske Antiljaanske Gûne, is de muntienheid fan de Nederlânske Antillen. De muntienheid wurdt brûkt op Bonêre, Kurasau, Saba, Sint Eustaasjes en op Nederlânske part fan Sint-Marten. Oant 1986 waard de Antiljaanske gûne ek brûkt op Arûba.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Yn de 18e ieu sirkulearre de Nederlânske gûne yn de Nederlânske Antillen. Yn 1794 waard dit oanfold mei in tal munten dy’t spesjaal foar de Nederlânske delsettings yn West-Ynje wienen. Yn dizze tiid wie de gûne yn 20 stuorren ferdield.

Tusken 1799 en 1828 sirkulearre de reaal op dizze eilannen. De Nederlânske gûne waard wer yntrodusearre yn 1828, no ferdield yn 100 sinten. Yn 1940 waard, as gefolch fan de Twadde Wrâldkriich, de Antiljaanske gûne ûntkeppele fan de Nederlânske gûne. Ynstee dêrfan waard de munt keppele oan de Amerikaanse Dollar. De wikselkoers waard fêstlein op 1 USD = 1,78 ANG. De wearde fan de Antiljaanske gûne is dus net hielendal lyk oan dy fan de Arûbaanske florin.

Munten[bewurkje seksje | edit source]

Understeande munten wurde brûkt:

  • 1 sint
  • 5 sint
  • 10 sint
  • 25 sint
  • 50 sint
  • 1 gûne
  • 2½ gûne
  • 5 gûne

Ek is der in munt fan 2½ sint. Dizze munt wurdt net mear útjûn.

Biljetten[bewurkje seksje | edit source]

Understeande bankbiljetten wurde brûkt:

  • 5 gûne
  • 10 gûne
  • 25 gûne
  • 50 gûne
  • 100 gûne
  • 250 gûne

De biljetten fan 5 gûne wurde net mear útjûn. De biljetten fan 250 gûne wurde oer it algemien net brûkt.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]