Drakensberchtme
De Drakensberchtme (Súdafrikaansk: Drakensberge) is in rige fan bergen yn Súd-Afrika. De bergen rike oant 3482 meter heech en binne dêrmei de heechste fan it lân. Yn de taal fan de Soeloe's hjitte it berchtme uKhahlamba, wat "barrêre fan spearen" betsjut.
Ynhâld |
Geografy [bewurkje seksje]
It berchtme leit yn it easten fan Súd-Afrika en rint oer in lingte fan 1000 kilometer fan it súdwesten nei it noardeasten, mei in bocht nei it noardwesten dy't de grins foarmet tusken Lesoto en Súd-Afrika. Oan de westkant rinne de rivieren Oranje en Faal en oan de east- en súdkant inkele lytsere rivieren, wêrûnder de Tugela-rivier. It berchtme skiedt de provinsje KwaZoeloe-Natal ôf fan de provinsje Frijsteat.
Yn de winter falt der trochstrings snie; rein en mist komme it hiele jier foar.
Berchpiken [bewurkje seksje]
De heechste berch is Thabana Ntlenyana dy't 3482 meter heech is. Oare wichtige piken binne de Mafady (3250 meter), Makoaneng (3416 meter), Sjampanje Kastiel (3377 meter), Reuze Kastiel (3315 meter) en Ben Macdhui (3001 meter). Al dizze hege piken lizze yn it grinsgebiet mei Lesoto. Yn it noarden fan Lesoto wurdt it berchtme stadichoan leger en better tagonklik.
Geology [bewurkje seksje]
De Drakensberchtme binne in oerbliuwsel fan it orizjinele Afrikaanske plato. Dizze bergen wurde bedekt troch in laach basalt fan maksimaal 1500 meter tsjok, mei dêrûnder in laach sânstien. Dat hat resultearre yn in kombinaasje fan hiel bot steile blokken en piken. Yn de sânstienen-laach komme in protte grotten foar, dêr't in soad fan fersjen binne fan rotsskilderingen makke troch de San.
Beklimmen [bewurkje seksje]
In protte fan de piken foarme in grutte útdaging foar berchbeklimmers. Mar ek Kuierje is in populêre aktiviteit yn it gebiet fan de Drakensbergen.
Toerisme [bewurkje seksje]
Toerisme yn it gebiet is yn útwikseling, mei in grut ferskaat oan hotels en oare akkommodaasje. It grutste part fan de hege dielen fan it berchtme oan de Súd-Afrikaanske side is oanwiisd as wyldreservaat of wyldernis-gebiet. Yn it jier 2000 is de uKahlamba of Nasjonaal Park Drakensberch opnommen op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.