Bloemfontein

Ut Wikipedy
Bloemfontein
Basis ynformaasje
Lân Súd-Afrika flagge fan Súd-Afrika
Provinsje Frijsteat
Gemeente Mangaung
Gebiet 46,55   km² Stêd
Tal ynwenners 369.568 Stêd
Stifte 1846
Hichte 1.400 meter
Koördinaten 29° 7' SB, 26° 13' EL
Tiidsône UTC +2
Webside www.bloemfontein.co.za

Bloemfontein is in stêd yn Súd-Afrika, it is de haadstêd fan de provinsje Frijsteat en ek ien fan de trije haadstêden fan Súd-Afrika, it is sûnt 1910 de haadstêd fan de rjochterlike macht. Bloemfontein is de sechst grutste stêd fan Súd-Afrika mei in grutte fan 465,5 kante kilometer en 369.568 ynwenners yn de stêd, wylst der yn de heule gemeente 641.407 minsken wenje.[1]

Bloemfontein leit op drûch gerslân, yn de midden fan Súd-Afrika, op in hichte fan 1.395 meter boppe de seespegel. De stêd hat him ûntwikkele ta in nijmoadrige stêd mei wolkekliuwers, winkelsintrums en restaurants, mei it Sand du Plessis-teater as ien fan de meast opfallende arsjitektoanyske gebouwen. Wol hat de stêd har kultuerele skaaimerken behâlden, sa as de histoaryske Raadsaal (Rieseal), ien fan de moaiste fan Súd-Afrika. It fleanfjild Bloemfontein Airport leit eastlik fan de stêd.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Afrikaanske namme Bloemfontein betsjut “boarne fan blommen”, in ferwizing nei de roazestruken yn Bloemfontein. Manguang, de namme fan de stêd yn it Soto, betsjut “it plak dêr’t jachtluipaarden rinne”.

Dêrnjonken is Bloemfontein ferneamd as de “Roazestêd”, in ferwizing nei al de roazeplanten dy’t it goed dogge yn it klimaat dêr en dy’t yn de omkriten fan de stêd fan de maityd oant fier yn de hearst bloeie. Alle jierren wurdt yn Bloemfontein it roazefestival hâlden.[2]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bloemfontein om 1900 hinne.

Bloemfontein waard stifte troch Foartrekkers, Afrikaner kolonisten dy’t net oer wei koenen mei it bewâld fan de Kaapkoloanje. Yn de Grutte Trek ferhuzen sy nei dizze kontreien. Yn 1850 waard Bloemfontein foar it earst neamd as wenplak, acht jier nei de stifting fan Transoranje en fjouwer jier foar it erkennen fan de ûnôhinklike Boerensteat Oranje Frijsteat troch de Britten. Yn 1899 waard op it stasjon de Bloemfonteinkonferinsje hâlden tusken Paul Kruger, foar de Súd-Afrikaanske Republyk en Alfred Milner, foar Grut-Brittanje. Nei it mislearren hjirfan bruts de Twadde Frijheidskriich út. Op 13 maart 1900 waard Bloemfontein ynnommen troch it Britske leger. Fan 1910 ôf is Bloemfontein tegearre mei Pretoria en Kaapstêd de haadstêd fan de Uny fan Súd-Afrika.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bloemfontein leit yn de midden fan Súd-Afrika, oan de súdlike râne fan it Heechfjild, in heech plato yn it ynlân fan Súd-Afrika. De stêd leit op likernôch 1.400 meter hichte, oan de grins mei it semy-aride gebiet fan de Karoo, in healwoastyn yn it westen fan Súd-Afrika. It gebiet is oer it algemien flak mei út en troch heuvels (koppies neamd yn it Afrikaansk), it measte dat om de stêd hinne groeit is gers. Bloemfontein hat in kontintaal klimaat, mei waarme simmerdagen (jannewaris: maksimaal 31 °C, minimaal 15 °C; Yn de middeis komt faak tonger en ûnwaar foar) en kâldere, drûge winters, somtiden mei froast (july: maksimaal 17 °C, minimaal -2 °C). Snie komt hast net foar, mar yn augustus 2006 en july 2007 hat der al wat snie west yn de stêd.

Moanne Jan Feb Maa Apr Maa Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des Yn 't jier
Heechste temp. °C 39 39 35 33 30 25 24 29 34 35 37 38
39
Trochsneed temp. heech °C 31 29 27 23 20 17 17 20 24 26 28 30
24
Trochsneed temp. leech °C 15 15 12 8 3 -2 -2 1 5 9 12 14
8
Leechste temp. °C 6 4 1 -3 -9 -9 -10 -10 -7 -3 0 3
-10
Reinfal mm 83 111 72 56 17 12 8 15 24 43 58 60
559

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It meastepart fan de ekonomy fan Bloemfontein sit yn de fruitproduksje, glêsprodukten, húsrie en spoarwei ûntwikkeling. De stêd is bot groeit healwei de 20e iuw fanwegen de goudfjilden yn de Frijsteat, dy't op 160 kilometer noardeastlik fan de stêd lizze. De Oranjerivier hat ek stipe jûn oan de ekonomyske ûntwikkeling fan de stêd. De rivier soarget foar elektrisiteit en foar wetter foar irrigaasje en minsklik gebrûk.

Ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1890 waard in treinspoar oanlein tusken Kaapstêd en Bloemfontein, Bloemfontein is nei dy tiid it sintrale plak wurden wat it spoar oanbelanget, fergelykber mei Utert yn Nederlân. It ferbynt alle yndustriële gebieten en toeristyske plakken mei elkoar.

Dêrnjonken lizze by de stêd twa fleanfjilden. De kommersjele lofthaven by Bloemfontein hat in soad ferbinings mei oare lofthavens yn Súd-Afrika, fan hjir ôf wurdt ek flein nei Lesoto, it lân dat hielendal omklamme is troch Súd-Afrika.

Oer de dyk hat Bloemfontein goeie ferbinings mei oare stêden fan Súd-Afrika. Under oare de N1, N6 en N8, guon fan de 17 nasjonale autodiken fan it lân, komme by de stêd del. Se ferbine Bloemfontein mei plakken as Johannesburg, Kaapstêd, Port Elizabeth en Pretoria.

Kultuer en media[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Bloemfontein stiet it Sand du Plessisteater, ien fan de beste teäters fan it súdlik healrûn, dêr't tûzen minsken yn kinne.

De ienichste krante fan Bloemfontein is it Afrikaansktalige Volksblad ('Folksblêd'), ien fan de âldste kranten fan Súd-Afrika. Dêrnjonken binne der trije radiostjoerders, dit binne de twatalige stjoerders OFM (algemien) en Kovsie FM (Universiteit fan de Frijsteat), en de Afrikaanske mienskipsstjoerder Radio Rosestad.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Binnenstêd fan Bloemfontein.

Naval Hill is in heuvel midden yn Bloemfontein dêr’t sjiraffen, strúsfûgels, antilopen en oare plante-iters libje. Fan dizze heuvel ôf hat men ek in moai oersjoch oer de stêd. Fierder kin op Naval Hill ek it natuerkundemuseum besocht wurde en de botanyske tún.

De measte restaurants lizze oan it Waterfront. Dêr kin in grut ferskaat oan kulinêre saken fûn wurde, ûnder oare steakhûzen en fiskrestaurants.

Troch heul Bloemfontein binne tal fan parken te finen, ien dêrfan is Kings Park, dêr’t mear as 4.000 roazestruken groeie. Ien fan de âldste gebouwen fan de stêd is it stêdshûs, de City Hall. It is ien fan de skaaimerken fan de stêd en waard yn 1935 boud fan moarmer en tykhout. Noch âlder is de Raadsaal, hjir hat de gemeenterie harren sit.

Yn it Freshford House Museum wurde de libbensomstannichheden fan begoedige famyljes fan om 1900 hinne útstalt. Keunstwurken fan Súd-Afrikaanske keunstners kinne besjoen wurde yn it Oliewenhuis Art Gallery.

Fierders hat Bloemfontein noch it oarlochsmuseum, it Nationale museum en it Nationale Afrikaanse Letterkundige museum.

Sport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Vodacompark wie WK-fuotbal stadion 2010.

Fuotbal, rugby en krikket binne sporten dy’t in soad dien wurde yn Bloemfontein. Yn Bloemfontein spilet de proffuotbalklup Bloemfontein Celtic. Fierders binne der twa rugbyklups en ien krikketklup. Dêrnjonken hat Bloemfontein ek ien fan de meast aktive sweeffleanklups fan de wrâld. Ek binne der in motorkrossirkwy en in kartsirkwy by Bloemfontein.

Bloemfontein hat in grut ferskaat oan sportfasiliteiten. Der binne ferskate stadions en sportfjilden oanwêzich, dêr't inkele fan de universiteit en skoallen binne. It Vodacompark wie yn 'e simmer fan 2010 WK-stadion.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bloemfontein beskikt oer in grutte en ferskate Kristlike befolking. De stêd is it thús fan ferskate tsjerken:

  • Afrikaanske Baptisten Tsjerke
  • Nederlânsk Herfoarme Tsjerke
  • De Hillich Hert Katedraal yn Bloemfontein is it sit fan it aartsbisdom Bloemfontein
  • It haadkertier fan de Súd-Afrikaanske Sân Deiske Advintisten is in Bloemfontein.

Berne yn Bloemfontein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons Commons: Bloemfontein – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stats South Africa, Folkstelling 2001 (sjoen op 11 desimber)
  2. Bloemfonteint, Zuid-Afrika voor beginners (sjoen op 11 desimber 2009)