J.R.R. Tolkien

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
J.R.R. Tolkien yn 1916

John Ronald Reuel Tolkien (Bloemfontein, 3 jannewaris 1892Oxford, 2 septimber 1973) wie heechlearaar Angelsaksysk en Ingelske taal en letterkunde oan de Universiteit fan Oxford. Hy is foaral ferneamd wurden troch syn boeken The Hobbit (De hobbit) en Lord of the Rings (Hear fan de Ringen), dy't spylje yn de fantasijwrâld Midden-Ierde.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

J.R.R. Tolkien is berne yn Bloemfontein yn Súd-Afrika. Hy ferlear syn âlden al op jonge jierren; syn heit doe't er krekt fjouwer jier âld wie en syn mem op tolf jierrige leeftyd oan diabetes. Hy rekke fereale op Edith Bratt en troude mei har. Letter stie sy model foar Luthien.

Tolkien tsjinne yn de Earste Wrâldkriich yn it Britske leger. Yn de rin fan de oarloch seach er hoe't in tal fan syn meistriders en neiste freonen it libben derby ynskeaten. Sels kaam er telâne yn in militêr sikehûs, wylst er te lijen hie fan rinfuorgekoarts (trench fever). Under it opbetterjen begûn er mei it skriuwen fan in rige mearkes basearre op syn stúdzje nei mytology en folkloare, dy't hy The Book of Lost Tales neamde. Kenners fan syn wurk sizze dat de oarloch syn wurk beynfloede hat. Hy seach de fantasij as in útflecht oan de realiteit fan fabriken, masines, gewearen en bommen fan de tweintichste ieu.

Nei de oarloch hat Tolkien koart wurke by The Oxford English Dictionary, mar al gau waard er prefester Ingelsk yn Leeds, en yn 1925 prefester Angel-Saksysk yn Oxford. Nei de Twadde Wrâldkriich waard er prefester Ingelske taal en literatuer.

20 Northmoor Road, eardere hûs fan J.R.R. Tolkien yn Oxford.

Tolkien hie nea tocht dat syn boeken populêr wurde soene by it grutte publyk. Hy makke de wrâld fan Midden-Ierde (Middle-earth) as ferklearring foar de elvetalen dy't hy ûntworpen hie. Yn 1937 publisearre hy The Hobbit, in boek dat hy foar syn eigen bern skreaun hie. Hoewol't it foar bern bedoeld wie waard it boek ek lêzen troch folwoeksenen. It waard sa populêr dat de útjouwer (Allen & Unwin) oan Tolkien frege in ferfolch te skriuwen.

Dat sette him oan ta it skriuwen fan syn ferneamdste wurk, it epyske Lord of the Rings. Tolkien hat dêr tsien jier oan wurke en it waard yn 1954-1955 publisearre yn trije dielen. Dy opdieling wie lykwols op oantrunen fan de útjouwer; Tolkien hie it as ien lang ferhaal skrean. Hoewol it in ferfolch wie op The Hobbit, wie it skreaun foar in âlder publyk. De Lord of the Rings waard tige populêr ûnder studinten yn de jierren '60 fan de 20e ieu en is sûnt dy tiid populêr bleaun. It boek is yn in protte talen oerset, mar noch net folslein yn it Frysk. De trije films dy't der fan makke binne, hawwe miljoenen nei de bioskoop lutsen.

Tolkien gong yn 1959 mei pinsjoen. Hy ferstoar op 2 septimber 1973 yn Oxford. Op de grêfstienen fan Edith en Ronald stiet "Lúthien" en "Beren", nei it ferhaal fan Tolkien. Yn Eastbourne yn East Sussex is in Tolkien Road ferneamd nei Ronald Tolkien, en ek is der in astroïde 2675 Tolkien.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

Grêven fan Edith († 29 novimber 1971) en J.R.R. Tolkien († 2 septimber 1973), Wolvercote Cemetery yn Oxford
  • Net-Midden Ierde materiaal publisearre nei syn dea
    • 1976 The Father Christmas Letters
    • 1982 Mr. Bliss
    • 1998 Roverandom
  • De rige The History of Middle-Earth
    • 1983 The Book of Lost Tales 1
    • 1984 The Book of Lost Tales 2
    • 1985 The Lays of Beleriand
    • 1986 The Shaping of Middle-Earth
    • 1987 The Lost Road and Other Writings
    • 1988 The Return of the Shadow (The History of The Lord of the Rings v.1)
    • 1989 The Treason of Isengard (The History of The Lord of the Rings v.2)
    • 1990 The War of the Ring (The History of The Lord of the Rings v.3)
    • 1992 Sauron Defeated (The History of The Lord of the Rings v.4)
    • 1993 Morgoth's Ring (The Later Silmarillion v.1)
    • 1994 The War of the Jewels (The Later Silmarillion v.2)
    • 1996 The Peoples of Middle-earth

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]