Folwoeksene

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Immen wurdt in folwoeksene neamd as dy selsstannich, dus sûnder help fan oaren, hannelje kin. handelen. Dit is in wat rekbere definysje, want net elke folwoeksene kin him op elk momint en yn elke situaasje rêde. Ien dy't gjin fytsbân plakke kin, sil de fytsmakker freegje moatte. It beslút om dat te dwaan, kin wol selsstannich nomd wurde. Hy kin him der troch syn folwoeksenheid net op beroppe, dat hy net wist dat soks him jild kostje soe.

It begryp folwoeksene is fierder ûnder te ferdielen yn meardere subgroepen, lykas jonge folwoeksene en middelbere leeftiid.

Mjitstêven[bewurkje seksje | edit source]

Biologysk sjoen is immen folwoeksenn as hy/sy lichaamlik folgroeid is. In oar skaaimerk fan biologyske folwoeksenheid is it jin fuortplantsje kinne. Beide definysje binne hjoeddeisk wat efterhelle, omdat no benammen it hawwen fan in betelle baan (dêr't in oplieding foar folge wurde moat) meastal pas mooglik is op in leeftiid (± 22-30 jier) dy't jieren nei de seksuele (± 16 jier) en lichaamlike (± 18 jier) folwoeksenheid berikt wurdt.

Gedrach kin in itichklatte foarmje. As immen blyk jout fan selsstannichheid en in sekere betochtsumheid yn syn gedrach, dan neame wy dit folwoeksen gedrach. Hjir foaroer stiet ûnfolwoeksen gedrach, dêr't dúdlik út bliken docht dat ien noch net selsstannich is.

Wetlike definysje[bewurkje seksje | edit source]

Wetlik is immen folwoeksen (of mearderjierrich) nei in bepaalde leeftiid. Yn de measte lannen is dy leeftiid 18 jier, mar dit kin ek jonger (16) of âlder (21) wêze. Yn Nederlân is men op 18 jier folwoeksen / mearderjierrich, en mei 21 jier hielendal ûnôfhinklik. In mearderjierrige is yn de measte rjochtsstelsels hannelingsbekwaam en sil dus foar al syn eigen rjochtshannelingen ynstean moatte. As men strafrjochtlike delikten begiet, kan men boppedat ynstee fan neffens jeugdstrafrjocht no beffens folwoeksenenstrafrjocht berjochte wurde.

Nederlânske wet[bewurkje seksje | edit source]

Kêst 1:233 BW seit:

Minderjierrigen binne hje, dy't âlderdom van achttjin jierren net berikt hawwe en net troud of registrearre binne dan wol troud of registrearre west hawwe of mei tapassing fan art. 253ha mearderjierrich ferklearre binne.

Foar 1988 wie men fan 21 jier ôf mearderjierrich, foar 1901 was men sels pas nei 23 jier mearderjierrich.

Foar guon beroppen is wetlik in minimumleeftiid fan 21 jier foarskreaun, omdat de útoefening in bysûndere ferantwurdlikheid foar oaren mei him bringt, en/of ta beskerming fan de útoefener fan it berop. Sa hantearret de Drank- en Horekawet (kêst 8) in minimumleeftiid fan 21 jier foar de útoefening fan it horeka- of slitersbedriuw. Itselde jildt yn begjinsel foar it berop fan bussjauffeur, lykas fêstlein yn de Wegenferkearswet 1994 (kêst 110). Fierders skriuwt de oanhingige Wet regulearing prostitúsje en bestriding misstannen seksbranche in minimumleeftiid fan 21 jier foar foar eksploitanten fan seksbedriuwen en foar prostituees (m/f).