Esperanto

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Flagge fan Esperanto

It Esperanto is in ynternasjonale keunsttaal, betocht troch Ludovich Zamenhof, en foar it earst publisearre yn 1887.

Belangrike kenmerken fan it Esperanto[bewurkje seksje | edit source]

It Esperanto is opset mei in in tal wichtige útgongspunten:

Ynternasjonalens 
It Esperanto moast in taal wurde foar kommunikaasje tusken minsken út ferskillende lannen, dy't net de selde memmetaal hienen.
Neutraliteit 
De taal soe net it eigendom fan ien lân wêze.
Gelikens 
De taal soe fan nimmen de memmetaal wêze, sa't gjinien in foarsprong hie by it oanlearren.
Ienfâld 
It Esperanto moast in regelmjittige struktuer krije, dat dit makliker te learen wêze soe as de measte natuerlike talen.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Esperanto waard optocht troch Doktor Zamenhof, yn syn middelbere skoaletiid. Yn 1878 hie er syn ynternasjonale taal ree, mar it doarre oant 1887 ear't er syn boek, "Lingvo internacia. Antaŭparolo kaj plena lernolibro" (In ynternationale taal. Foarwurd en kompleet learboek.) publisearre koe, ûnder it pseudonym Doktoro Esperanto (Dokter Hoopfol).

Minsken dy't graach ynternasjonale kontakten lizze woenen, learden de taal en begûnen him te brûken. Sa kaam it Esperanto op 'e wrâld. Njonkenlytsen stabilisearre it him en evoluearre ta in taal dy't brûkt en koestere wurdt troch minsken út in protte lannen.

De ISO 639 taalkoades foar it Esperanto binne "eo" en "epo". Der is ek in Esperanto Wikipedy.

Frisia Esperantista Rondo[bewurkje seksje | edit source]

Yn Fryslân waard yn 1926 in feriening fan Fryske Esperantisten oprjochte, Frisia Esperantista Rondo, dy't yn 1936 sa'n 130 leden telde en yn 1974 rom 50. Yn 1954 en 1964 waarden foar dielnimmers oan in ynternasjonaal kongres yn Fryslân ekskurzjes en gearkomsten organisearre.

Yn 1964 waarden út it Frysk in oantal koarte ferhalen oerset: Frisaj Rakontoj ( red,. S.S. de Jong Dzn.) en yn 1966 fan Pieter Wybenga Mei de rêch tsjin de muorre ûnder de titel: Dorsekontrau la muro (s.j. red. Sipke Stuit). In oersetting fan Nienke fan Hichtums De Tsien fan Martens Afke troch Tine Brinkman kaam desimber 1974 út.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: