Amiens
| Amiens | ||
| De katedraal fan Amiens (2012) | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 134 381 (2008) | |
| Oerflak | 49,46 km² | |
| Befolkingstichtens | 2.717/ km² | |
| Stêdekloft | 301.835 ynw. | |
| Hichte | 14 - 106 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Frankryk | |
| Regio | Pikardje | |
| Departemint | Somme | |
| Boargemaster | Gilles Demailly (2008-2014) | |
| Oar | ||
| Koördinaten | ||
| Webside | www.amiens.fr | |
Amiens is in stêd yn Noard-Frankryk, de haadstêd fan de regio Pikardje en fan it departemint Somme. De stêd leit sirka 115 km ten noarden fan Parys en telt ± 137.000 ynwenners, dy't Amiénois neamd wurde.
De stêd is stifte troch de Galjers ûnder de namme Samarobriva, dat "brêge oer de Somme" betsjut. Julius Caesar brocht der yn syn kampanjee ta ûnderwerping fan Galje de winter fan 54 op 53 f. Kr. troch. De hjoeddeiske namme is ôflaat fan de destiidske bewenners, de Ambiani (dat oan beide ouwers betsjut).
Amiens hat in universiteit en is in wichtige yndustrystêd (tekstyl). De skriuwer Jules Verne brocht in grut diel fan syn libben troch yn Amiens, stoar dêr en leit der begroeven.
Syn namme waard ek jûn oan it stienen sirkus Cirque Jules Verne fan Amiens. It is ien fan de sân stienen sirkussen dy't Frankryk hat.
Op 25 maart 1802 waard hjir de Frede fan Amiens tekene tusken Frankryk en Grut-Brittanje. De frede hâlde lykwols gjin stân.
It besjen wurdich [bewurkje seksje]
- Yn de stêd stiet ien van de belangrijkste kathedralen van Frankrijk, de Notre-Dame, die sinds 1981 is opgenomen in de Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO. Het is de grootste goatyske katedraal fan Europa.
De katedraal maakt eveneens deel uit fan in oar wrâlderfgoed, Pylgerrûtes yn Frankryk nei Santiago de Compostella. De tichtbysteande klokketoer heart ta in tredde soarte wrâlderfgoed yn dizze stêd: de Belforten yn Belgje en Frankryk.
- it stiennen sirkus Cirque Jules Verne
- De 'Hortillonnages' foarmje in 300 hektare grut sompich gebiet, dat bestiet út talleaze lytse folkstunen, dy't fan elkoar skieden binne mei krektlike folle talleaze smelle kanaaltsjes. De measte fan dy folkstunen binne allinnich mei in boat tagonklik. De namme "hortillonnages" is ôflaat fan it Pikardyske wurd "hortillon" dat "warmoezenier" of "túnbouwer" betsjut. It wurd "hortillon" is dan wer ôflaat fan it Latynske "hortillus", wat stiet foar "lytse tún".
- De 'tour Perret' waard yn 1942 ûntwurpen troch de arsjitekt Auguste Perret. Se paste yn it ramt fan in grut weropbouwingsprojekt yn de buert fan it stasjon fan Amiens dat foar it meastepart ferwoaste waard yn de Twadde Wrâldoarloch. Yn 1949 waarden de wurken oanpakt, se duorren oant 1954. Yn 1959 wurdt de toer echt yhn gebrûk nomd omdat men der pas dan apparteminten en kantoaren yn ynstallearret. Yn de tiid fan har konstruksje gou de toer as in bûtengewoane ferwêzentliking yn wapene beton. De toer telt 30 ferdjippings en is 110 m heech as de 6 m lange mêst meirekkene wurdt. Lange tiid wie se de heechste wolkeskraber fan West-Europa.
Berne yn Amiens [bewurkje seksje]
- Choderlos de Laclos (1741-1803), skriuwer fan Les Liaisons dangereuses en legergeneraal
- Joseph-David Buhl (1781), komponist, dirigint en trompettist
- Édouard Branly (23 oktober 1844), natuerkundige
- Paul Bourget (1852-1935), skriuwer
- Anne Brochet (1966), aktrise
- Matthieu Verschuere (8 februari 1972), fuotballer
- Philippe Gaumont (22 febrewaris 1973), hurdfytser
- Marie Collonvillé (23 novimber 1973), mearkampster
- Yannick Salem (29 maart 1983), fuotballer
- Mélanie Henique (22 desimber 1992), zwemster
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Amiens fan Wikimedia Commons. |