Pikardje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Pikardje
Flag of Picardie.svg
(Details)
Wapen fan Pikardje
Lizzing fan Pikardje yn Frankryk
Haadstêd Amiens
Arrondisseminten 13
Kantons 129
Gemeenten 2 292
Departeminten Aisne (02)
Oise (60)
Somme (80)
Oerflakte 19 399 km²
Ynwenners
- Totaal
- Befolkingstichtens

1 857 481 (1999)
96 ynw/km²


Pikardje (Frânsk: Picardie) is in regio yn Noard-Frankryk, noardeastlik fan Normandje. De regio bestiet út trije departeminten: Somme, Oise en Aisne, dy't allegearre ferneamd binne nei harren wichtige rivieren. De haadstêd is Amiens.

Oant de Frânske revolúsje doe it opdield waard yn trije departeminten, wie it gebiet boppe de rivier de Somme ûnderdiel fan de Nederlannen (De liuwen yn de hjoeddeistige flagge ferwize dêrnei). Under de doetiidske grins leine Oise en Aisne, dy't yn dy tiid diel útmakken fan it Ile-de-France.

De Pikardyske kust is in stripe fan likernôch sechstich kilometer, mei ôfwikseljend krytrotsen en sânstrannen.

Pikardje hat in wichtige rol spile yn de kultuerskiednis en wurdt ek wol sjoen as de widze fan de goatyk. Benammen Amiens, Beauvais en Laon, mar ek Soissons en Noyon hawwe ferneamde katedralen.

 
Regio's fan Frankryk
Flagge fan Frankryk
Elsas - Akwitaanje - Auvergne - Leech-Normandje - Boergonje - Bretanje - Sintre - Champagne-Ardennen - Korsika - Franche-Comté - Heech-Normandje - Île-de-France - Languedok-Roussillon - Limousin - Lotaringen - Midi-Pyrénées - Nord-Pas-de-Calais - Pays de la Loire - Pikardje - Poitou-Charentes - Provence-Alpes-Côte d'Azur - Rhône-Alpes

Gebieten bûten Jeropa
Guadelûp - Frânsk Guyana - Martinyk - Réunion