Soissons

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Soissons is in Frânske gemeente en leit yn de Aisne en de krite Pikardje. Soissons hat in oerflakte fan 12,3 km² en telde yn 2007 28.471 ynwenners. Troch de gemeente streamt de rivier Aisne.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De ferwoeste stêd yn 1914-1918

Soissons is ien fan de âldste steden fan Frankryk. Julius Caesar makket yn syn Commentarii de Bello Gallico al melding fan in Keltyske delsetting op dat plak ûnder de namme Noviodunum. Dat wie de haadstêd fan de Suessiones, in Gallyske stam. Uteinlik joech de befolking har oer oan Caesar wêrnei de stêd Romeinsk waard. Yn 486 foel de stêd yn hannen fan de Frankyske kening Clovis, doe't dizze de Romeinske fjildhear Syagrius fersloech yn de Slach by Soissons.

Nei de dea fan Klovis yn 511, waard Soissons haadstêd fan ien fan de fjouwer Frankyske keninkriken. Klotarius, ien fan de fjouwer soannen fan Klovis, hie syn sit hir. Troch in kombinaasje fan diplomasy, kriichsfiering, en sels útmoardzjen fan syn famylje, slagge it Klotarius om kening fan hiel it Frankyske ryk te wurden (555). Hjirtroch wie Soissons foar koarten tiid haadstêd fan it doetiidske Frankryk. Nei de dea fan Klotarius yn 561 rekke it ryk wer ferparte troch syn trije soannen. ^Yn 751 waard Pippyn de Koarte, de heit fan Karel de Grutte, yn Soissons ta Kening fan de Franken salft.

Yn de Earste Wrâldkriich waard by de stêd bot fochten en sawat folslein ferwoaste.

Zie ook[bewurkje seksje | edit source]

Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | edit source]


Berne yn Soissons[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]