Bretanje (regio)
|
||||
| Haadstêd | Rennes | |||
| Arrondisseminten | 15 | |||
| Kantons | 201 | |||
| Gemeenten | 1268 | |||
| Departeminten | Côtes-d'Armor (22) Ille-et-Vilaine (35) Morbihan (56) Finistère (29) |
|||
| Oerflakte | 27.208 km² | |||
| Ynwenners - Totaal - Befolkingstichtens |
2.972.700 (2003) 94 ynw/km² |
|||
| Volkslied | [[]] | Offisjele webstee | ||
| Offisjele webstee | {{{webside}}} | |||
Bretanje (Bretonsk: Breizh, Gallo: Bertaèyn) is in Frânske regio op it skiereilân mei deselde namme Bretanje en bestiet út de departeminten Côtes-d'Armor, Finistère, Ille-et-Vilaine en Morbihan. Oant 1941 hearde ek Loire-Atlantique (doedetiids Loire-Inférieur) hjirby, en in protte beskôgje noch hieltyd dat departemint as diel fan Bretanje. Bretanje is foaral bekend fanwege de Keltyske kultuer.
Rennes is de haadstêd fan de regio Bretanje. Oare wichtige stêden binne Brest, Vannes, Quimper en Saint-Malo.
Kultuer [bewurkje seksje]
Yn Bretanje binne noch hieltyd spoaren werom te finen fan de Keltyske kultuer. Ek steane der in soad prehistoryske (pre-Keltyske) Megaliten, ûnder oaren yn Karnak, yn it suden (Morbihan).
In minderheid fan de befolking sprekt Bretonsk, in Keltyske taal. Dêrtroch is Bretanje it lêste gebiet op it Jeropeeske fêstelân wêr't noch hieltyd sa'n taal sprutsen wurdt, sûnt de Kelten destiids troch de Romeinen oerhearske waarden. Oare parten dêr't de Keltyske taal noch libbet binne de Britske eilannen.
Tsjerklike yndieling [bewurkje seksje]
Eartiids hie Bretanje njoggen lannen en bisdommen. Sûnt de Frânske Revolúsje hat Bretanje fiif bisdommen mei deselde namme as de departeminten :
- bisdom Quimper (en Léon), departemint Finistère
- bisdom Saint-Brieuc (en Tréguier), departemint Côtes-d'Armor
- bisdom Vannes, departemint Morbihan
- bisdom Nantes, departemint Loire-Atlantique
- bisdom Rennes, departemint Ille-et-Vilaine
