Golf fan Biskaje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Golf fan Biskaje
Bay of Biscay map.png
Lokaasje benoarden Spanje, westlik fan Frankryk
See Atlantyske Oseaan
Koördinaten {{{koordinaten}}}
Oerflakte 225 000 km²
Djipte (maks.) 2.789 m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte 1.744 m
Breedte
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte
Lingte {{{lingte}}}
Oer
{{{oer}}}
Opljochtsjende algen yn de Golf fan Biskaje

De Golf fan Biskaje (Spaansk: Golfo de Vizcaya, Frânsk: Golfe de Gascogne, Baskysk: Bizkaiko Golkoa) is in seeboezem tusken Frankryk en Spanje dy't him útstrekt fan Bretanje oant de noardkust fan Spanje. De golf is neamd nei de Spaanske provinsje Biskaje.

De golf hie, terjochte, de namme by stoarm tige gefaarlik te wêzen. Oan trije kanten is de golf troch lân omsletten, mar oan de westkant komt de folle wyn fan de Atlantyske Oseaan oansetten. Sylskippen dy't ienkear yn de golf wienen koenen by westerstoarm net mear weikomme en waarden troch de Atlantyske wyn nei de legerwâl fan de Frânske kust dreaun.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It diel besuden de golf krekt foar de regio Kantabria neame de Spanjaarden "Mar Cantábrico" (Kantabryske See). De namme komt fan de Romeinen yn 'e earste ieu foar Kristus Sinus Cantabrorum (Oseaan fan Kantabria). Op guon't midsieuske kaarten, wurdt de Golf fan Biskaje ek oantsjut as El Mar del los Vascos (Baskyske Baai).

Op 22 maaie 1703 fûn der in seeslach yn de Golf fan Biskaje plak. In keapfaardijfloat beskerme troch Nederlânske kriichsskippen, ûnder lieding fan kaptein Roemer Vlacq, moetet in eskader Frânske kriichsskippen. De Frânske oermacht wie lykwols te grut en de Nederlânske skippen wienen twongen ta oerjaan.

Wilens de kâlde kriich hat de marine fan 'e Sowjetuny dêr faak west. Foar de Sowjets wie de see fan geopolitysk en strategysk belang, sa koene se ienfâldiger by de Atlantyske Oseaan komme.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Meidat dielen fan 'e kontinintale plaat fier de baai ynrinne, is it wetter ûndjip, dêr't de wylde seeën it resultaat fan binne.

Rivieren[bewurkje seksje | edit source]

De wichtichste rivieren dy't útrinne yn 'e Golf fan Biskaje:

Wichtichste stêden[bewurkje seksje | edit source]

Golf fan Biskaje, Spanje

De wichtichste stêden om 'e Golf fan Biskaje hinne: