Majot

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lokaasje
Majot

Majot (Frânsk: Mayotte) is in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk yn de Yndyske Oseaan, tusken Madagaskar en Mozambyk. De faluta is de euro. Majot brûkt de Frânske trijekleur as flagge en hat .yt as eigen topleveldomein.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Majot, met de byhearrende eilantsjes Petite Terre, Chissioi Mtsamboro en Chissioi Mbouzi, leit benoarden de Strjitte fan Mozambyk. It heart by de eilannekloft fan de Komoaren, mar net mear by de republyk fan de Komoaren dêr't de rest fan de eilannegroep wol ta heart. De tiidsône op Majot is UTC+3.

It hat in oerflakte fan 374 km² (± 39 by 22 kilometer) en 186.452 ynwenners (2007). Hjirfan wenje de measten yn de haadstêd Mamoudzou, dat oant 1963 de haadstêd fan de Komoaren wie. Mamoudzou leit op it byeilantsje Petite Terre en hat in fleanfjild.

It heechste punt is Mont Bénara, dat 660 meter boppe de seespegel leit. De berch is feitlik in útdôve fulkaan. Om it eilân hinne binne in soad koraalriffen.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It eilân is ûntdekt yn de 16e ieu troch de Portegees Diego Ribeiro. Yn 1831 waard Majot troch de kening fan Madagaskar ferovere. Dizze ferkocht it yn 1841 oan Frankryk, dat it tagelyk mei de oare eilannen fan de Komoaren ta 1 koloanje makke.

Doe't de oare eilannen fan de Komoaren yn 1975 ûnôfhinklik waarden, wegerde Majot har hjirby oan te sluten en keas derfoar om Frânsk te bliuwen. Yn 1976 waard Majot in territoriale mienskip fan departemintale aard. De Komoaren makken wol oanspraak op het eilân. Maart 2009 makke de befolking troch in referindum dúdlik dat Majot in folweardich oerseesk departemint fan Frankryk wurde moast. ait soe betsjutte dat der in ein komme soe oan de polygamy en sjaria dy't op de islamityske eilannen gou.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

Yn Majot wurde fjouwer talen sprutsen. Nettsjinsteande it feit dat Frânsk de ienige offisjele taal is, oertreffe de trije oare lânstalen, it ynhiemske Bushi, it Komoarysk ôfkomstich út de Komoaren en it Swahily út Tanzania, allegear it Frânsk wat it oantal sprekkers yn Majot oangiet. It Komoarysk is dêrfan fierwei de wichtichste taal.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]