Mem

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sikkimske mem mei bern
Florence Thompson mei har bern (1936, Dorothea Lange)

Mem is de namme foar in frou of froulik bist mei neiteam. Meastal sil de frou de neiteam sels baard hawwe, dan is sprake fan de biologyske mem. As in bern in oare mem hat, dan wurdt al neigeraden de situaasje sprutsen fan in adopsjemem, pleechmem of styfmem mar yn de praktyk wurdt dizze faak ek mem neamd.

Foar froulju dy't sels net by steat binne in swangerskip út te dragen kin draachmemskip in oplossing wêze. It pear dat in bern winsket kin in oare frou freegje om in bern foar harren te dragen.

Troetelnammen foar mem binne memmy of memke of memmymem. De relaasje fan in mem ta har bern wurdt oantsjutten mei de term memskip. De mem fan de partner wurdt skoanmem neamd.

Memmedei is in feestdei, spesjaal wijd oan memmen.

Yn fierwei de measte talen op de wrâld begjint it wurd foar "mem" mei de letter m.