Emoasje
Ut Wikipedy
In emoasje wurdt faak omskreaun as in ynderlike belibbing of gefoel fan bygelyks wille, eangst, lilkens, fertriet dat troch in bepaalde situaasje oproppen wurdt of spontaan optrede kin. Yn in mear algemiene of biologyske sin kin in emoasje lykwols ek omskreaun wurde as in reaksje fan ús harsens op in posityf of negatyf barren. Dit komt by minsken en bisten hast automatysk ta utering yn in bepaald patroan fan gedrach (byelyks flechtsje of ta-inoar kommen) en fysiologyske reaksjes. It gefoel kin dan sjoen wurde as in spesjale utering of foarm fan emoasjes dy't typysk is foar minsken, nammentlik it bewust ûndergean, of de mentale refleksje fan in emoasje[1][2][3].[4]
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Emotions fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|