Tiidwurd

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It tiidwurd (Latynsk: verbum) is in wurdsoarte dy't suver yn elke taal brûkt wurdt. Yn it Frysk binne der eins gjin sinnen sûnder tiidwurd. Tiidwurden drukke in tastân, hanneling of proses út dy't tiidsôfhinklik is en kinne ferbûn wurde mei beskate oare wurden en dan yn syn foarm ek dêrmei in ôfhinklikheidsrelaasje oangean.

Yn natuerlik talen wurde der ornaris ferskate foarmen fan itselde tiidwurd brûkt. De foarm fan it tiidwurd dy't ôfhinklik is fan 'e tiid en fan de deroan ferbûne persoan, hyt de persoansfoarm. De persoan of saak dêr't de persoansfoarm fan ôfhinklik is, ferfollet yn de sin de funksje fan ûnderwerp. Dy wjersidige ôfhinklikens tusken ûnderwerp en persoansfoarm drukke wy út troch te sizzen dat der oerienstimming is tusken dy beide.

Kearn- en helptiidwurd[bewurkje seksje | edit source]

By mear tiidwurden yn in sin wurdt in ûnderskie makke tusken kearntiidwurden en helptiidwurden.

Foarbyld:

  • It famke sjocht de jonge oan.
  • It famke hat de jonge oansjoen.
  • It famke kin de jonge oansjen.
  • It famke liket de jonge oan te sjen.
  • It famke liket de jonge oansjoen te hawwen.
  • It famke soe de jonge oansjoen hawwe kinne.

It giet yn boppesteand foarbyld hieltyd om it oansjen; it oansjen is it kearntiidwurd dat hieltyd weromkomt. Help helptiidwurden wurdt brûk om beskate nuânses of fariaasjes mei oan te jaan. Yn in sin mei mear tiidwurden stiet it kearntiidwurd nei it lêste wurd dat gjin tiidwurd is. Dat wol sizze dat it, yn gefal fan in tiidwurdgroep mei mear as ien tiidwurd, foaroan stiet yn dy tiidwurdgroep.

Tiidwurdlike begripen[bewurkje seksje | edit source]

  • ynfinityf: rinne
  • persoansfoarm: do rinst, wy rûnen
  • ôfslutend mulwurd: rûn
  • fuortsettend mulwurd: rinnend
  • doelfoarm of n-foarm: (te) rinnen
  • hjittende wize: rin
  • notiid: wy rinne
  • doetiid: wy rûnen

Tiid[bewurkje seksje | edit source]

Yn hast alle talen kinne tiidwurden yn in notiid of in doetiid stean:

  • Unfolsleine notiid: ik rin
  • Folsleine notiid: ik ha rûn
  • Unfolsleine doetiid: ik rûn
  • Folsleine doetiid: ik ha rûn
  • Unfolsleine kommende dantiid: ik sil rinne
  • Folsleine kommende dantiid: ik soe rûn ha
  • Unfolsleine diene dantiid: ik soe rinne
  • Folsleine diene dantiid: ik soe rûn ha

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]