Eangst

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Maria Yakunchikova, Eangst (1895)

Eangst is in fysiologyske tastân dy't kenmerke is troch lichaamlike, kognitive, emoasjonele en gedrachskomponinten.[1] Eangst hat meardere gradaasjes. Foarbylden fan myldere foarmen binne: ‘jin net op je gemak fiele’, ûnrêst en besoachdheid. Foarbylden fan mear ekstreme foarmen binne panyk,[2] de panyksteurnis en de generalisearre eangststeurnis.

Symptomen[bewurkje seksje | edit source]

Slimme eangst giet faak lykop mei lichaamlike ferskynsels as in ferhege hertslach en bloeddruk, hertkloppings, duzelichheid, droege mûle, pine yn it boarst, mislikheid, koartademigens en pine yn'e holle. Der kin ek sprake wêze fan in bleke kleur om 'e holle, switte, in ferhege produksje fan adrenaline yn it bloed, en steurnissen yn de spiisfertarring. Psychologysk sjoen heart by eangst in ûndúdlik gefoel fan driging of gefaar. Soms kin eangst in symptoom wêze fan stress. De lichaamlike symptomen fan eangst wurde ek wol sjoen as in wize wêrop it lichem him tariedt op bedriging fan bûtenôf. Eangst kin mei depressiviteit foarkomme. Eangst kin ek blike út antlitekspresjes.

Normale eangst[bewurkje seksje | edit source]

In gefoel fan eangst hoecht net altyd patologysk te wêzen: lykas gefoelens as lilkheid, en wanmoedigens kin it in teken wêze fan in normale oanpassing fan it organisme oan gefaarlijke, slimme of ekstreme omjouwingskondysjes. Tink oan situaasjes as: soldaten oan it front, loftoanfallen of kalamiteiten. Eangst preparearret dêrby it organisme op mooglik gefaar en/of it ûndernimmen fan bepaalde aksjes, lykas flechte foar gefaar. Fûle eangst kin yn kombinaasje mei de dêrby optredende ferhege fysiologyske arousal lykop gean mei in 'blikfernauwing', wêrby't allinnich de dúdlike prikels út de omjouwing ferwurke wurde, en details net mear waarnomd wurde. Eangst treedt ek faak op yn minder ekstreme omstannichheden as sprekke yn it iepenbier, it eksamen dwaan (eksamenfrees) en it leverjen fan in sportprestaasje. Dizze foarmen fan eangst hawwe faak in antysipearjend karakter. Beweard wurdt dat in mylde foarm fan eangst sels de prestaasje ferbetterje kin.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Seligman, M.E.P., Walker, E.F. & Rosenhan, D.L. (2001). Abnormal psychology, (4th ed.) New York: W.W. Norton & Company, Inc.
  2. Rosen JB, Schulkin J. From normal fear to pathological anxiety. Psychological Review. 1998;105; 325-350.