Leafde

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Erastes en Eromenos dy't elkoar túsje; detail fan in Attyske faas, 480 f.Kr.

Leafde betsjut de djippe genegenheid foar, tagedienens of tawijing foar in oar; soms ek foar in bist, saak of foarwerp.

De betsjuttings dy't der oan jûn wurde binne sterk kultureel en maatskiplik ynspirearre.

Fanút de kristlike tradysje jildt dat it oan de iene kant - as uterste - in himsels opofferjende en in oar woldieden jaande hâlding is (agape). Dizze soarte leafde rjochtet him op it ferlet fan de oar en siket wat it bêste foar de oar is. Yn dat gefal lit de leafde de oar de frije kar om dy leafde te beantwurdzjen of net. Dit soarte leafde freget offers en hurd wurkje foar harren dy't der nei stribje. Mar foar de pear minsken dy't folslein ôfstân dien hawwe fan harren egoïsme is dizze leafde in libbene boarne dy't gjin ynspanning mear ferget mar fanselssprekkend en natuerlik is.

De rommere definysje fan leafde is de leafde sûnder betingst (Metta). Se is it soarte leafde dat de oare persoan de folsleine ûnfoarweardlike romte en frijheid skept himsels wêze te kinnen.

Leafde kin bygelyks in spesjaal soarte oanlûking ta in persoan of ding wêze. It is dan in gefoel of emoasje. Yn de sterkste foarm jout it misnken de yndruk dat se sûnder it objekt fan harren leafde net mear fieder libje kinne yn it libben, de yndruk dat se psychologysk ôfhinklik binne fan de oanwêzichheid.

Leafde kin him as charitas uterje, in skinking oan in goed doel. Charitas bart benammen op emoasjonele grûn, basearre op it graach helpe wolle by eat dêr't men emoasjoneel by belutsen is. It kin lykwols ek op lotter rasjonele grûn basearre wêze.

Leafde jout immen it gefoel dat hy ûnoerwinlik is, en alles foar de oar oer hat, de emoasje is hast net te brskriuwen, de ien seit dat hy it gefoel hat dat hy fleane kin en oar fielt him geweldich en lokkich.