Tút

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tút fan Doutzen

In tút is it mei de lippen oanreitsjen; normaal sprutsen dogge je soks mei in oare persoan.

Yn 'e westerske kultuur is in tút in útdrokking fan leafde of seksuele oanlûking; twa minsken túte inoar dêrby op 'e lippen, of ien persoan tút in oar op ferskate parten fan syn of har lichem.

Tútsjen kin ek in foarm wêze fan twa kunden dy goed meiinoar kinne, bygelyks by famylje. By famylje joust gjin tút op 'e mûle mar op 'e wang. De eksakte wize hoe soks bart leit oan de kultuur en kin dertroch yn oare lannen in oare besjutting ha. Ynternasjonaal binne twa túten normaal, ien op eltse wang. Yn Nederlân wurde meastentiids trije túten jûn. Yn Belgje wurdt faak mar ien tút jûn.

In tút kin ek in besjutting ha fan respekt foar in wichtige persoan, lykas as immen de ring fan in Kening of Paus tút. As paus Johannes Paules II yn in frjemd lân syn fuot op 'e grûn sette, túte hy earst de grûn om syn respekt foar de ierde sjen te litten.

As der by in tút gjin leafde is, is it meastentiids symboalysk. By in romatyske of seksuele tút giet it bynammen om it lichem. Sadwaande duorret in romantyske tút langer en is folle yntenser as in symboalyske tút. In hiel yntense romantyske foarm fan in tút is it tongfrijen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Category:Kisses en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.