Symboal

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Symboalen op in grêfstien
Symboalen op in spylkaart

In symboal is in teken wêrby't gjin natuarlijke relaasje bestiet tusken de representaasje fan it teken en de betsjutting dy't der mei útdrukt wurdt.

In symboal is in betsjuttingsdrager; it hat oan de iene kant in farm of reperesentaasje, en oan de oare kant in betsjutting. De betsjutting fan in symboal is konvinsjoneel; se berêst meastentiids op ôfspraken d't de brûkers fan in symboal of - (lykas bygelyks yn de taal) - de brûkers fan it systeem dêr't it symboal diel fan útmakket ea meimakke hawwe, De semiotyk ûnderskiedet neist ut symboal twa oare soaretn tekens: de yndeks en it ikoan.

Yn ús deiske bestean komme symboalen allerhande plakken werom. Se bepale ús strjitbyld mei flaggen, hannelsmerken, logo’s en reklameboerden. Yn it ferkear komme we party ôfbyldings tsjin dy't ús fertelle wat we al/net dwaan meie of dy't ús warskôgje foar gefaarlike situaasjes.

Symboalen wurde brûkt yn hast alle wittenskippen lykas de wiskunde, de logika en de natuer- en skiekunde, om te stribjen nei ienfâld en safolle mooglik ûndûbelsinnnichheid yn de útspraken; der wurde, faaks nei hjitte debatten, naukeurige ôfspraken makke oer harren betsjuttings, sadat letter sa krekt mooglik praten wurde kin oer de begripen dy't yn de betreffende wittenskip bestudearre wurde.

De kultuer wurdt ek wol sjoen as in grut symboalespul dêr't religy, keunst, wittenskiplike en filosofyske kennis en ek ekonomyske ferskynsel in ûnderdiel fan binne. Mar faaks fine wy yn ien fan de meast komplekse en tagelyk meast brûte foarm fan symboalen werom yn de sprutsen en skreaune taal.

It wurd ‘symboal’ hat syn oarsprong yn yt Gryekse selsstannige namwurd ‘symbolon’ of ‘sumbolon’, dat teken, kenteken of werkenningsteken betjut, en it tiidwurd ‘symbaloo’, dat moetje, gearbringe of fergelykje betsjut.

Hûstekens en merktekens[bewurkje seksje | edit source]

links

Yn in tiid, wêryn it grutste part fan in befolking net llêze of skriuwe koe, wie it fan belang om bygelyks eigendom dúdlik te meitsjen: it brânmerken fan vee, it merken fan grinspeallen, it merken fan húsrie ensafuorthinne. Dit waard dien mei ienfâldige, goed werkenbare tekens, meastal hûsmerken neamd.

Dizze hûsmerken waarden soms generaasjes lang troch ien famylje fierd en waarden ek akseptearre as hântekening fan in net-lettere persoan. Yn âlde notariële akten binne faak hûsmerken as ûndertekening te finen en ek âlde graffiti toant soms nijsgjirrige hûsmerken.

Heraldyske wapens binne in kultivearre foarm fan hûsmerken. De heraldyk, dy't dizze (famylje)wapens beskriuwt, hat in hiel eigen set fan symboalen.

Getallesymbolyk[bewurkje seksje | edit source]

It Maya-teken foar it getal 0

Yn oerleveringen, kulturele tradysjes of yn godstsjinsten kinne getallen in symboalyske betsjutting hawwe. Dizze kin per kultuer of godstsjinst sterk ferskille. Yn de westerse (kristlike) tradysje wurdt it getal 13 faak yn ferbân brocht mei ûngelok.

Yn de joadske Kabbala en de dêryn foarkommende getalslear of Gematria hawwe alle sifers, getallen en harren ûnderlinge bewurking in eigen symboalyske betsjutting.

Symboalen en reklame[bewurkje seksje | edit source]

Yn de reklame wurdt faak ien appèl dien op bewuste of ûnbewuste kennis en begrip fan symboalen om it keapgedrach fan konsuminten te beynfloedzjen.

Faak spylj kleuren dêrby in grutte rol. Yn it gefal der fan de namme in symboal makke is, sprekt men fan in byldmerk.

Oare foarbylden[bewurkje seksje | edit source]

  • Symboalen foar bedriuween (logo), beroppen, ferienings, klups en genoatskippen
  • Letters, wurden, sinnen en lêstekens

Sommige symboalen út de fiere âldheid binne evaluearre ta skrifttekens.

Ynformatika en telekommunikaasje[bewurkje seksje | edit source]

Yn de ynformatika is in symboal in diskrete wearde wêroan in "sematsyke ynhâld", in spesifike betsjutting takend is, bygelyks in identifier, integer, mar in komplekse struktuer lykas in Document Object Model is in symboal dat bestieat út symboalen.

Yn de telekommunikaasje fertsjintwurdiget it begrip symboal in diskrete sinjaalwearde (dy't by sinjaaltransport in bepaalde tiid itselde bliuwt).

Religieuze symboalen[bewurkje seksje | edit source]

Symboal foar it Libbenstsjil

Godstsjinsten oer de hiele wrâld brûke symboalen, dy't stean kinne foar it komplete konsept fan dy religy, mar ek foar begrippen dy't in rol spylje binnen dy religy. Sa kinne tekens in symboalyske funksje hawwe. In religieus symboal kin ek de foarm hawwe fan in geskrift (dan ek as symbolum skreaun, lykas de Apostolyske leauwensbelidenis (Symbolum Apostolicum), dy't as (werkennings)teken jildt foar de ienheid fan in leauwensmienskip.

In teken hat altyd mar ien betsjutting, in symboal meardere betsjuttings. In symboal jout te tinken oer de haadsaken fan it libben.

Ek minsklike, dierlike, healminsklike of boppeminsklike figueren hawwe binnen godstsjinsten soms in hiel spesifike betsjutting. Foarbylden fan symboalen spylje in grutte rol yn religy en spiritualiteit:

Foarbylden fan symboalen[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utesn[bewurkje seksje | edit source]