Jier

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In jier is de perioade dêr't in planeet yn om syn stjerre draait. Yn 't bysûnder de rotaasjeperioade fan de ierde om de sinne.

In jier duorret likernoch 365,25 dagen. Dêrom is in jier neffens de Gregoriaanske kalinder 365 dagen, útsein dat elts fjierde jier in skrikkeljier is fan 366 dagen. Dit jier yn de Gregoriaanske kalinder wurdt opdield in tolve moannen, of yn 52 wiken mei ien dei of twa dagen oer.

Njokken in jier fan 1 jannewaris oant 31 desimber fan de Gregoriaanske kalinder, wurde jierren ek teld neffens it foarkommen fan deselde datum, fral de jierdei fan in bertedei of ek wol de nammedei.

Tsien jierren binne in desennium, hundert jierren binne in ieu en tûzen jierren binne in milennium.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]