Jierdei

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jierdeitaart

In jierdei is it weromkommen fan in eardere datum, nei ien of mear jierren; yn it bysûnder it weromkommen fan in bertedei.

Fan de jierdei fan in bertedei, meastal oantsjut mei allinnich 'jierdei', wurdt faak in feest makke, dêr't familje en freonen foar útnoege wurde. Besite lokwinsket dejinge dy't jierdei hat, en jout in presintsje. De besite krijt sels wat te drinken en in stik oranjekoeke. Fral by bern wurde der jierdei-lietsjes sjongen.

Ek de jierdei fan in houlik, meast 'houliksdei', wurdt wol fiert. Mar útsein fan in houliksdei mei in moai nûmer, lykas 10, 25, of 50, bliuwt dat meast beheind ta de twa dy't troud binne, en harren húshâlding. Ek de jierdei fan in stifting, 'stiftingsdei', wurdt somtiden fierd, mar ek dêr meast by in moai getal.