Desennium

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In desennium is in perioade fan tsien jier. Yn it bysûnder ien út in rige fan desennia sûnt it begjin fan in ieu, of tsien jier mei itselde tsiental.

In desennium basearre op de ieu wurdt telt op deselde wize as de ieuwen. Sa foarmje de jierren 2001-2010 it earste desennium fan de ienentweintichste ieu.

In desennium basearre op tsiental wurdt oantsjut mei it tsiental dêr't alle nûmers op einigje as se útsprutsen wurde. Sa binne de jierren 1990-1999 de njoggentiger jierren fan de tweintichste ieu. Under de tweintich einigje net alle getallen fan in desennium op itselde tsiental, dat dêr wurdt sa'n oantsjutting net foar brûkt.

In desennium is tsien jier. Tsien desennia foarmje in ieu, hûndert desennia in milennium.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]