Ridderroman

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In ridderroman is in literêr sjenre dat de berime aventoeren fan Midsieuske ridders omfiemet. Syn oarsprong fûn dit sjenre yn 'e Aldfrânske chansons de geste (letterlik: "lieten fan [helde]dieden"), wêrfan't it bekendste foarbyld it Chanson de Roland of it Roelantsliet, is. Mar ridderromans waarden al rillegau oernommen troch oarstalige skriuwers, yn 't earstoan benammen op 'e Britske Eilannen, dêr't de Arthurleginde of Arthurroman, in subsjenre fan 'e ridderroman, ûntstie (bgl. Sir Gawayne and the Grene Knyght). Ek yn oare talen fûn de ridderroman yngong, gauris sawol yn 'e oarspronklike ferzje as yn 'e foarm fan Arthurleginden. Sa ken it Nederlânsk taalgebiet in ferskaat oan Arthurleginden (lykas Ferguut, Moriaen en De Roman van Walewein), mar ek oare ridderromans, lyks Karel ende Elegast, dat in saneamde Karelroman of Frankyske roman is. Njonken Arthurlegindes en Karelromans binne der dan ek noch klassike romans, dy't oer de Klassike Aldheid geane, sa't dy yn it Midnederlânsk oerset binne troch Jakob fan Maerlant, en saneamde easterske romans, dy't yn it Midden-Easten spylje, lykas Floris ende Blancefloer.

Ridderromans binne gjin romans yn 'e moderne sin fan it wurd, mar lange, op rym sette ferhalen yn 'e folkstaal út in tiid dat de hegerein (dêr't eins in elk dy't doe skriuwe koe ta hearde) oer it algemien noch it Latyn brûkte om him yn út te drukken. De stof fan sa'n ridderroman is gauris fertaald en bewurke fan in oarstalich orizjineel (copyright bestie yn 'e Midsieuwen noch net). De ferhalen waarden foardroegen oan 'e aadlike hôven fan West-Jeropa, en wiene tige populêr. Letter, om 'e ein fan 'e fyftjinde ieu hinne, ûntstiene der op it Ibearysk Skiereilân de earste echte ridderromans yn 'e moderne sin fan it wurd, dêr't Tirant lo Blanc (1499) en de ferneamde parody Don Quichot (1605) de bekendste fan binne.