Ridder

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In ridder kriget de ridderslach, ofbyld ± 1320

In ridder (it wurd is ôflate fan "ruter") wie yn de Midsieuwen oarspronklik in beride en bepantsere soldaat (ruter) dy't de ridderslach ûntfongen hie. Meastentiids waard dat dien troch de kening of in plakferfanger fan him. Letter waard de namme assosjearre mei de eallju en in hege sosjale status, nei alle gedachten omdat de kosten fan de útris troch de gewoane kriichslju net mear op te bringen wie.

Yn it iere Romeinske Ryk foarme de equites (iental eques), letterliker "ruters", al in sosjaal befoarrjochte stand, in soart middenklasse tusken de patrysjers en plebejers yn. De equites droegen û.a. maliënkolders. Om by dizze stand te hearren moasten sy al oer in wis fermogen beskikke. Yn it Romeinske leger foarme equites de kavalery. Lykwols wie harren funksje op it slachfjild meastentiids beheind ta it útfiere fan ferkenningstochten, omdat de Romeinen noch net oer de Stiichbûgel beskikten. Sûnt de ein 3e ieu f. Kr. waard de Romeinske kavalery benammen levere troch alliearde folkeren, en waard eques in symboalyske titel foar de Romeinske elite.

Yn Jeropa is nei de Romeinske tiid, yn de Iere Midsieuwen stadichoan de modernere ridder ûntstien. Hy beskikte oer swiere wapens en wie tanksij de stiichbûgels in tige effektive strider dy't oer in eigen hynder beskikte. Yn earsten waard in grut diel fan de ridders rekrutearre út de klasse fan de minsterjalen, tsjinstlju fan rike eallju. Dat wienen faak ienfâldige boeresoannen dy't troch de lânhear frijstelt waarden foar it wurk op it lân en ynstee dêrfan oare taken krige, û.o. as wapene begelieder, dy't op in hynder stride koenen. Om op in hynder mei de lange lâns stride te kinen, wie net ienfâldich en om dêryn in útblinker te wurden, wie it bêste om der al op jonge leeftyd mei trene te begjinnen. De ministerjalen libben meastentiids op it kastiel fan harren master of hienen in eigen kastiel yn lien.

Yn de tiid fan de Karolingen krige de "ridderstân", dêr't it lidmaatskip fan foar in part erflik bepale wie, hieltyd mear stal. Wat harren wize fan libben oangie, ferskilden de ridders ynearsten net folle fan de lytse grutgrûnbesitters. Letter waard de ridderstân in sletten kaste, dêr't de posysje fan ridder waard erflik yn waard. Der ûntstie in systeem mei learlingen, skyldknapen neamd, dy't ridder wurde koenen, nei earst in oplieding te hawwen folge by harren patroan. Yn de lette midsieuwen lutsen de keningen dizze foech nei harren ta.

Doe't de maliënkolders ferfolgen waarden troch de noch kostbere harnassen waard de ridderstân en ûntwikkele sy in eigen ethos en gebrûken. Op oaren, hannelslju of boeren waard delsjoen. Sy boasken yn de eigen kaste. De ridderstân wie in klasse binnen de adel wurden.

De ridderslach wie it ritueel dêr't ien by de Ridderstân lid wurde koe. De Ridder knibbele foar in oare ridder of in kening en waard mei in swurd op syn skouder tikt.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]