Midingelsk

Ut Wikipedy
Midingelsk
algemien
taalgebiet Ingelân, súdlik Skotlân
   en dielen fan Ierlân
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Angelsaksysk
          ● Ingelsk
            ● Midingelsk
skaaimerken
tiidrek 10661500
ûntstien út Aldingelsk
ûntjûn ta Nijingelsk
Aldskotsk
Fingaalsk
Yola
taalkoades
ISO 639-2 enm
ISO 639-3 enm

It Midingelsk (Ingelsk: Middle English) is de histoaryske foarm fan it Ingelsk, sa't dat yn 'e snuorje tusken om-ende-by 1066 en 1500 sprutsen waard yn wat no Ingelân en súdlik Skotlân is, mei dêropta dielen fan Ierlân. Dit taalstadium ûntjoech him om 'e tiid fan 'e Normandyske Ynvaazje út it eardere Aldingelsk (of Angelsaksysk), en ûntwikkele him meitiid ta it Nijingelsk. It Midingelsk waard karakterisearre troch in withoe sterke ynfloed fan it Normandysk, in nau oan it Frânsk besibbe Romaanske taal, en in fierdere ôfsliting fan it namfallesysteem en oare yngewikkelde grammatikale ferbûgings.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de Normandyske Ynvaazje fan 1066 yn 'e regel oanholden wurdt as it (frij arbitrêr bepaalde) begjinpunt fan it Midingelsk, wie de ûntwikkeling fan 'e Ingelske taal fan it Aldingelsk nei it Midingelsk feitliks in iuwenlang proses fan stadige feroarings. Foar in part kamen dy feroarings fuort út in 'normale' taalûntwikkeling, mei't libbene talen altyd oan it feroarjen binne. Mar dêrnjonken ûndergie it Ingelsk ek in sterke ynfloed fan it Aldnoarsk nei't it noarden fan Ingelân yn 'e achtste en de njoggende iuw fierhinne troch Noaren kolonisearre waard. Hoewol't dy kolonisten úteinlik opgiene yn 'e Ingelske befolking, lieten se dúdlike linguïstyske spoaren nei. Dy waarden allinne mar fuortsterke doe't hiel Ingelân tusken 1013 en 1042 troch de Denen oerhearske waard.

Dat de Normandyske Ynvaazje en de ferovering fan it Keninkryk Ingelân troch de Normandyske hartoch Willem de Oermasterder útkeazen is as it brekpunt tusken de Aldingelske en Midingelske perioaden, komt om't dat it begjin wie fan in tige grutte ynfloed dy't op it Ingelsk útoefene waard troch it Aldnormandysk, in Romaanske taal dy't nau besibbe wie oan it Frânsk. Dat wie trouwens in twasidich proses, en úteinlik soe it Aldnormandysk him yn Ingelân troch de ynfloed fan it Ingelsk ûntjaan ta it Anglo-Normandysk. Nei de Normandyske Ynvaazje wie it iuwenlang sa dat de Ingelske adel Anglo-Normandysk spriek, wylst it sljochtwei folk Ingelsktalich wie. Sadwaande bestie de Normandyske ynfloed fierhinne út de ynfier fan in wiid ferskaat oan lienwurden dy't benammen te krijen hiene mei dingen dêr't de adel him mei dwaande hold: polityk, it rjocht en oarlochfiering, wylst der gjin of amper Normandyske lienwurden oernommen waarden op it mêd fan bgl. de lânbou of de fiskerij. Sterk útinoar rinnende regionale farianten fan it Ingelsk bleaune oant de fjirtjinde iuw as sprektalen njonken it Anglo-Normandysk yn gebrûk.

In houtfyk fan William Caxton syn twadde edysje fan The Canterbury Tales, printe yn 1483.

Behalven troch de oername fan in grut tal útlânske lienwurden ûnderskate it Midingelsk him ek troch in yngeande ferienfâldiging fan it Aldingelske fiiffâldige namfallesysteem. Dat wie in proses dat al yn it lêste part fan it Aldingelske tiidrek úteinset wie, nei alle gedachten om it Aldingelsk mear yn oerienstimming te bringen mei it Aldnoarsk, dat in oar stelsel fan ferbûgings hie, mar dêr't it morfologysk tige op liek. Yn elts gefal gie yn 'e Midingelske tiid it ûnderskie tusken de nominatyf (earste namfal) en de akkusatyf (fjirde namfal) ferlern, útsein yn persoanlike foarnamwurden, ferdwûn de ynstrumintalis alhielendal en waard it gebrûk fan 'e genityf (twadde namfal) beheind ta it omskriuwen fan besit. Fierders waard in grut tal ûngeregelde ferbûgingsfoarmen ta geregelde foarmen makke, wylst stadichoan ek de sinsbou folle minder fleksibel waard.

Tsjin 'e ein fan 'e tolfde iuw hie it Midingelsk him folslein ûntjûn, en hie it him boppedat sawol de Aldnoarske as de Normandyske ynfloeden alhiel eigen makke. Fanwegen dy grutte útlânske ynfloeden hawwe guon taalkundigen de stelling ferdigene dat it Ingelsk fan dy tiid ôf eins beskôge wurde kin as in mingtaal of in kreoalske taal. Mar hoewol't rûnom tajûn wurdt dat it Aldnoarsk en it Normandysk-Frânsk in yngeande ynfloed op it Ingelsk útoefene hawwe, wurdt dy teory, dy't de Midingelske kreoalske taalhypoteze neamd wurdt, ornaris ôfwiisd troch saakkundigen op it mêd fan 'e Ingelske taal.

Yn 'e Midingelske perioade krige it Ingelsk stadichoan mear maatskiplik oansjen, benammen nei't der ûnder de Hûndertjierrige Oarloch (1337-1453) tsjin Frankryk in nasjonale Ingelske identiteit ûntstie dy't sawol de adel as it sljochtwei folk omfieme. Fanôf it regear fan Hindrik V fan Ingelân (1413-1422) naam it gebrûk fan it Anglo-Normandysk ôf, en yn 1430, ûnder it bewâld fan Hindrik VI, begûn it Keninklik Hof yn Westminster syn offisjele dokuminten yn it Ingelsk op te stellen. Nei't William Caxton yn 1476 de earste boekdrukparse yn Ingelân yntrodusearre hie, naam de ynfloed fan it Ingelsk noch fierder ta. Oan 'e ein fan it Midingelske tiidrek ûntstiene der wer ferskillende skriuwdialekten, lykas it saneamde London Standard, dêr't de moderne Ingelske standerttaal fierhinne op basearre is.

In side út The Canterbury Tales, fan Geoffrey Chaucer.

Om 1500 hinne gie it Midingelsk yn Ingelân stadichoan oer yn it Nijingelsk, de taal dy't hjoed de dei nòch sprutsen wurdt, hoewol't taalkundigen dêrby faak in oergongsfoarm, it Ier Modern Ingelsk, hantearje foar de perioade fan 1500 oant 1700. Yn Skotlân, lykwols, kaam omtrint 1400 in eigen taalfoarm út it Midingelsk fuort, nammentlik it Aldskotsk, dat him neitiid fia it Midskotsk ta it hjoeddeistige Nijskotsk ûntjaan soe. Fierders ûntstiene yn eastlik, resp. súdeastlik Ierlân op Midingelske grûnslach twa oare talen, it Fingaalsk en it Yola, dy't troch iuwenlange isolaasje in folslein eigen ûntwikkeling trochmeitsje soene. Dizze beide taalfoarmen stoaren lykwols om 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw út.

Alfabet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Aldingelsk waard skreaun mei in oanpast Latynsk alfabet fan 24 letters. Doedestiden bestiene der noch gjin aparte j, v of w, en de letters k, q en z waarden troch Aldingelske skriuwers oer it algemien negearre. Dêrfoaroer stie dat se fjouwer eigen letters tafoegen: de op runen basearre wynn (ƿ, foar de 'w' fan "skowe") en thorn (þ, foar de stimleaze th fan thin), en teffens de oanpaste Latynske lettertekens eth (ð, foar de stimhawwende th fan this) en ash (æ, foar in fokaal dy't liket op 'e e fan "pet", mar fierder tebek yn 'e mûle útsprutsen wurdt).

Under de Midingelske perioade foel de digraaf ash útinoar yn 'e letters 'ae'. Fierders rekke de eth yn 'e trettjinde iuw yn ûnbrûk, om ferfongen te wurden troch de thorn. Dy ferdwûn sels geandewei de fjirtjinde iuw en waard doe ferfongen troch de th. Neitiid makke ûnbekendheid mei de thorn dat âlde skriuwfoarmen (þe olde ..., "de âlde ...") lêzen waarden as ye olde ..., in útdrukking dy't men tsjintwurdich noch in protte tsjinkomt yn neibearde Midingelske nammen (bgl. fan kroegen en winkels). De letter wynn waard geandewei de trettjinde iuw ferfongen troch de w. Fanwegen de likenis fan 'e wynn mei de moderne p wurdt dizze letter sels yn moderne edysjes fan Aldingelske en Midingelske teksten ornaris ferfongen troch de w.

Fierders waard yn it Midingelske tiidrek ûnder ynfloed fan it Normandysk de ynsulêre skriuwwize fan it Latynske alfabet dat op 'e Britske Eilannen foar it Aldingelsk yn gebrûk wie, ferfongen troch de Karolingyske skriuwwize fan it Jeropeeske fêstelân. Mar troch it oansjenlik ferskil yn oansjen tusken de âlde ynsulêre g en de Karolingyske g, libbe de ynsulêre g fuort as in aparte letter, de yogh, dy't skreaun waard as ȝ.

De yogh koe in ferskaat oan fonemen fertsjintwurdigje, lykas [ɣ] (g fan 'bûge'), [j] (j fan 'jas'), [ʤ] (dzj fan 'siedzje'), [x] (ch fan 'berch') en [ç] (sj fan 'sjippe', mar útsprutsen mei de tonge tsjin it hurde ferwulft oandrukt). De Karolingyske g stie ornaris inkeld foar de [ɡ] (g fan 'goed'). Uteinlik waard de yogh yn it Midingelsk ferfongen troch de j of de y, en troch de neitiid foar in part stom wurden 'gh' yn wurden as night en laugh. Yn it Skotsk, lykwols, bleau de yogh langer bestean, oant er yn 'e Midskotske perioade ûnûnderskiedber waard fan 'e kursive z, sadat drukkers yn Skotlân de yogh begûnen te ferfangen troch de z. Dat late ta de 'aparte' útspraak fan nammen as Dalziel ("dy-jel") en nije útspraken fan nammen as McKenzie, dêr't de z oarspronklik eins ek in yogh wie dy't as in [j] útsprutsen waard.

Midingelske literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarbylden fan literatuer yn it Midingelsk binne:

Ferliking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wichtichste literêre wurk yn it Midingelsk wie The Canterbury Tales fan Geoffrey Chaucer. Dat is in samling ferhalen dy't beskreaun binne yn in ramtfertelling fan in groep pylgers dy't op beafeartsreis is nei de Katedraal fan Canterbury en wêrfan't de leden om 'e tiid te deadzjen elts om bar de oaren in ferhaal fertelle. Hjirûnder ta ferliking de earste achttjin regels fan it ramtferhaal yn it Midingelsk en it Nijingelsk.

Midingelsk Nijingelsk

Whan that Aprill with his shoures sote
The droghte of Marche hath perced to the rote,
And bathed euery veyne in swich licour,
Of which vertu engendred is the flour;
Whan Zephirus eek with his swete breeth
Inspired hath in euery holt and heeth
The tendre croppes, and the yonge sonne
Hath in the Ram his halfe course yronne,
And smale fowles maken melodye,
That slepen al the niȝt with open ye–
So priketh hem Nature in hir corages–
Than longen folk to goon on pilgrimages,
And palmeres for to seken straunge strondes,
To ferne halwes, couthe in sondry londes;
And specially, from euery shires ende
Of Engelond to Caunterbury they wende,
The holy blissful martir for to seke,
That hem hath holpen, whan that they were seke.

When April with its sweet showers
Has pierced the drought of March to the root,
And bathed every vein in such liquor
From whose power the flower is engendered;
When Zephyr1 also, with his sweet breath
Has blown [into life] in every wood and heath
The tender crops, and the young sun
Has run his half-course in the sign of the Ram,2
And small birds make melody,
Who sleep all night with open eye–
So Nature stimulates them in their hearts–
Then people long to go on pilgrimages,
And palmers3 [for] to seek strange coasts,
To far holy places, known in various lands;
And especially, from every shire's end
In England, to Canterbury they went,
To seek the holy blissful martyr4
Who helped them when they were sick.

1) de westewyn
2) it stjerrebyld Raam
3) pylgers dy't palmblêden meidrage
4) Thomas à Becket

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.