Wales

Ut Wikipedy
Cymru (wel)
Wales (in)
Flagge fan Wales Wapen fan Wales
Biedwurd: Cymru am byth
"Lang libje Wales"
Folksliet: Hen Wlad Fy Nhadau
"Ald lân fan myn faars"
Haadstêd Cardiff (Caerdydd)
Offisjele taal Welsk
Ingelsk
Steatsfoarm Konstitúsjonele monargy1
- steatshaad Elizabeth II
- regearlieder Carwyn Jones
Oerflak 20.799 km²
Ynwennertal 3.113.200 (2016)
Befolkingstichtens 148 ynw./km²
Muntienheid Pûn sterling (GBP; £)
Tiidsône GMT (UTC)
- simmertiid BST (UTC+1)
Ynternetdomein .uk
Telefoan +44
ISO 3166 GB-WLS
1. Wales makket diel út fan it Feriene Keninkryk.

Wales (Nederlânsk, Galen, Welsk: Cymru, Latynsk: Cambria) is in eartiidsk foarstendom en foarmet mei Ingelân, Noard-Ierlân en Skotlân ien steat: it Feriene Keninkryk. Wales leit yn it westen fan it eilân Grut-Brittanje en grinzet yn it easten oan Ingelân. Wales hat in eigen taal, it (Welsk), in eigen flagge en eigen iepenbier bestjoer. Mar by bûtenlânske saken spilet allinnich it Feriene Keninkryk in rol. It is dus gjin eigen steat. Wales hat hast 3 miljoen ynwenners. De namme komt fan it Germaanske wurd “Walha” wat frjemdling betsjut.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Romeinen joegen oan it hjoeddeistige Wales de namme Cambria en boude in grut oantal forten yn it suden fan it lân oant Carmarthen yn it westen. Der is bewiis dat de Romeinen fierder nei it westen west hawwe en op dy wize nei Ierlan gienen. Sy bouden ek it amfiteater yn Caerleon, it best bewarre Romeinske teater yn Grut-Britanje. De Romeinen wienen ek drok yn it noarden fan it lân en neffens de Mabinogion soe Magnus Maksimus, in keizer út de 4e iuw, troud wêze mei in Elen, de dochter fan in Welske haadling.

Troch it berchterrein mei in soad rein is Wales nea troch de Angelsaksen ynnaam. Ien fan de Saksyske keningen, Offa fan Mercia wurdt beskôge as de man dy’t opdracht joech om in grutte ierden wâl of dyk te bouwen by de grins fan syn ryk om de Welske minsken bûten te hâlden. Parten fan dizze Offa’s Dyke kinne hjoeddeis noch altyd besjoen wurde.

De oermastering fan Wales troch de Normandjers kaam net daalks doe't Ingelân ferslein waard yn 1066, mar it gie stadichoan en it proses wie klear yn 1282 doe't kening Eduard I fan Ingelân LIywelyn Ein LIyw Olaf fersloech. Eduard boude in grut tal kastielen om de Welsklju yn de gaten te hâlden.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wales leit op in skiereilân yn it sintrale diel fan it eilân. It oerflak fan Wales is mei sa’n 20.779 km², likernôch sa grut as Sloveenje. Wales wurdt begrinze troch Ingelân yn it easten en troch de see yn alle oare rjochtings.

Stêden en plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wales hat mar in pear grutte stêden. De grutste stêden lizze allegear yn it suden fan it lân. Cardiff (Welsk: Caerdydd), de haadstêd hie yn 2005 likernôch 302.000 ynwenners, Abertawe (Swansea) hat yn 2005 likernôch 171.000 ynwenners. It binnenlân is tin befolke.