Folksliet

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje

In folksliet is in oer it algemien patriotistysk ferske dat faak de skiednis, tradysjes en swierrichheden fan in folk of mienskip besjongt, al dan net gearfallend mei of yn in steatkundige ferbân.

In folksliet is dus net bûn oan grinzen, in folk of naasje sûnder eigen steat of mei selsbestjoer kin ek in folksliet hawwe, lykas in krite, stêd of doarp.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Folkslieten kamen yn de 18e en 19e ieu op. It wie ûnder ynfloed fan de Romantyk en it nasjonalisme yn Jeropa dat folken en steaten in eigen folksliet keazen. Mar guon folkslieten binne folle âlder, bygelyks Het Wilhelmus fan Nederlân (1568-1572), it God Save the Queen fan it Feriene Keninkryk (1745) en La Marseillaise fan Frankryk (1795).

In liet kin in folksliet wurde troch it fêstlizzen fan it ferske yn in grûnwet, troch in wet of gewoan troch tradysje. Folkslieten hawwe oer it algemien in stik as wat eigenskippen dy’t by it grutste part fan de folkslieten werom komme. Der moat dan tocht wurde oan it tempo fan it folksliet, faak in marstempo, en in relatyf koart en ienfâldige melody.

Guon lannen foarmje in steatebûn, bygelyks Ruslân of it Feriene Keninkryk. Al dy ferskate lannen hawwe yn de measte gefallen dan ek noch harren eigen folksliet. It komt faak foar dat twa lieten in folksliet-eftige funskje hawwe, mei ien liet rjochte op it regear en it folk, wylst it oare rjochte is op it gebiet. Denemark is lykwols it ienige lân dat ek offisjeel twa folkslieten hat.

Mei de opkomst fan ynternasjonale organisaasjes binne der ek ynternasjonale folkslieten ûntstean. Sa hat de Jeropeeske Uny it deuntsje fan Ode an die Freude (Oade oan de Freugde) fan it Njoggende Symfony fan Ludwig van Beethoven as folksliet.

[bewurkje seksje] Gebrûk

In steatsfolksliet wurdt tradisjoneel spile by de ûntfangst fan in steatshaad, by it earen fan de oerwinner fan in ynternasjonale sportwedstriid en by soartgelikense plechtichheden, al dan net offisjeel. By it spyljen fan it folksliet wurde harkers achte oerein te kommen. It is gebrûklik dat de minsken dy’t út it lân fan it folksliet komme, of harren besibbe fiele mei it folksliet, mei sjonge. Is de gelegenheid in betinking, dan saluearje militêren dy't troch it folksliet fertsjinwurdige wurde, wylst oaren stil binne. Is de gelegenheid in fiering, dan sjonge dejinnigen dy't fertsjinwurdige wurde troch it folksliet mei it liet mei.

Utlanners sjonge net mei by it folksliet fan in oar. Yn guon lannen is it gebrûklik om de rjochterhân op it hert te lizzen. Ek is it gewoanlik om petten, hoeden en sok soart saken ôf te nimmen.

Meast wurde mar ien kûplet, soms twa kûpletten spile, en songen, al binne de measte folkslieten langer as dat. Yn guon lannen wurdt it folksliet alle dagen oan it begjin fan de skoaldei sjongt. In protte radio- en televyzjestjoerders begjinne harren útstjoeringen alle dagen mei it folksliet en eindige der ek mei. Guon lannen hawwe in keninklik folksliet, in presidinsjeel folksliet, in steatsfolksliet, ensfh. foar ferskate gelegenheden.

[bewurkje seksje] Oars

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings