Waling Dykstra
Waling Gerrits Dykstra (14 augustus 1821, Froubuorren - 15 jannewaris 1914, Holwert), soan fan Gerrit Walings Dykstra en Antje Keimpes Koopmans wie in Fryske skriuwer, yn de tradysje fan de Halbertsma's, benammen bekend fan it Frysk Winterjûnenocht wermei't hy tegearre mei Tsjibbe Gearts van der Meulen it Frysk toaniel in plak joech yn de Fryske mienskip.
Waling Dykstra waard berne te Froubuorren as bakkerssoan en soe sels it fak ek leare. Al rillegau kaam hy der efter dat dat syn ropping net wie. Yn 1853 die hy de bakkerij oan kant en wurke doe yn in boekwinkel yn Frjentsjer. Yn 1861 ferhuze hy nei Holwert, dêr't er in eigen boekwinkel iepene. It measte fertsjinne er lykwols mei de pinne. Hy wie redakteur fan in rege periodiken, dy't er foar it grutste part sels folde û.o. De Bijekoer, de Fryske hûsfreon, de Fryske Nijsboade, Friso, Friesch Volksblad, Sljucht en Rjucht, en As jimme it leije meije.
Op syn bêst wie hy by populêre ferskes en fertellingen. Foar gruttere ferhalen wie syn komposysjekrêft en psychologysk ynkringingsfermogen net sterk genôch. Syn wurk giet net djip, mar it hat wol typearjend fermogen, it waard dan ek drok lêzen. Dêrtroch is syn nasjonale betsjutting grutter as syn letterkundige. Hoe populêr Dykstra wie blykte wol út de namme sa't er neamd waard. Meastal hiet hy Waling-om (=omke). Neist wat hy skreau, hat Dykstra it Fryske folksbewustwêzen ek fersterke mei syn 'Winterjûnenochten', foardrachtsjûnen, tegearre mei Tsjibbe Gearts van der Meulen, Gerben Colmjon, Auke Boonemmer, of ek wol allinnich (sûnt 1860). Mei de Fryske Winterjûnenocht bereizge er 25 jier lang de doarpen yn Fryslân, om sa it Frysk toaniel ûnder de minsken te bringen.
Waling Dijkstra komt út in otterdoks-protestantsk fermiddden. Hysels hie in mear liberale ynstelling. Syn wurk hat faak moralistyske trekjes. Bûten in ûntelber oantal ferskes publisearre hy ek noch in wichtich folkloristysk wurk - Uit Frieslands volksleven (2 dielen, Ljouwert, 1896). Fierders fersoarge hy in populêr witenskiplike útjefte fan de Friesche Rymlerije fan Gysbert Japicx (Frjentsjer 1853) en kaam it benammen troch syn iver en trochsettingsfermogen dat it Friesch Woordenboek (Ljouwert 1911) der komd is.
Waling-om wie ien fan de mannen fan de earste oere fan de Fryske beweging.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Wat bistû leaflik, rizende simmermoarn!
Ien fan Waling Dijkstra syn gedichten, dat begjint mei de rigel "Wat bistû leaflik, rizende simmermoarn! is ien fan Fryslâns meast beminde gedichten.
De tekst giet sa:
Wat bistû leaflik, rizende simmermoarn!
’t Opgeande sintsje laket my oan.
’t Hoantsje kraait kûkelû, ’t douke ropt rûkûkû,
Ik wol ek sjonge fleurich fan toan.
Alles wat libbet docht der nou sines bij,
Fôltsjes en kealtsjes, hynders en kij.
Guoskes dy’t snetterje, skiepkes dy’t bletterje,
Lamkes dy’t springe, nuvere blij.
’t Ljurkje yn’e wolken, d’eintsjes yn’t lizich wiet,
Moskjes en sweltsjes, elts sjongt syn liet.
Earbarren klapperje, ljipkes wjukwapperje,
Skries op’e hikke ropt grito-griet.
[bewurkje seksje] Bibliografy
In wiidweidige bibliografy stiet yn "Waling Dykstra, syn libben en wurk" (1949)
- De Fryske Thyl Ulespegel of De wonderlike Libbenskiednis fen Hantsje Pik 1860
- De silveren rinkelbel - 1950
- De Fryske Thyl Ulespegel - 1953
- Uit Frieslands Volksleven - 1970
- Friesch Woordenboek - 1971
- In dei fan plezier (ferhalen) - 1971
[bewurkje seksje] oer him en syn wurk
J.W. Dykstra (1949) J. Piebenga (1957) J.J. Kalma en S. Sybrandy (1970)