Grinslân

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Provinsje Grinslân
Provinsjeflagge Provinsjewapen (bron: Prov. Grinslân)
Flagge fan Grinslân Wapen fan Grinslân
Lokaasje fan de provinsje Grinslân
Haadstêd Grins
Kommissaris fan
de Keninginne
M.J.(Max) van den Berg
Religy (1999) Protestant 29%
Katolyk 7%
Oerflak
- Lân
- Wetter
8e
2.336 km²
623 km²
Ynwenners
- Totaal
- Befolkingstichtens
9e
572.706 ((2008))
246 inw./km²
Geografyske lizzing 53°13' NB 6°34' OL
Folksliet Grönnens laid
Offisjele webside www.provinciegroningen.nl
2009-Basisbeeld-Provincie01-Groningen.jpg

Grinslân (Groningen; Grinslânsk: Grönnen) is in provinsje fan Nederlân, mei 572.706 ynwenners (31 augustus 2008), en mei in oerflak fan 2967 km².

Grinslân wurdt ek wol Stêd en Ommelannen neamd omdat der histoarysk in soad spanning wie tusken de stêd Grins (fan oarsprong Saksysk) en it omlizzende plattelân (fan oarsprong Frysk). De trije Ommelanner kertieren binne Hunzegoa, Fivelgoa en it Westerkertier. It Gorecht, it Aldambt, Reiderlân en Westerwâlde wurde as aparte gebieten beskôge. De Ommelannen wiene oant de 15e ieu foar it meastepart Frysk, de stêd, Gorecht en Westerwolde Saksysk. Allinne de doarpen Mearum, De Wylp en De Pein yn it Westerkertier binne foar it grutste part noch altyd Frysktalich.

[bewurkje seksje] Gemeenten

  1. Appingedam
  2. Bedum
  3. Bellingwedde
  4. De Marne
  5. Delfsyl
  6. Iemsmûn
  7. Grins (haadstêd)
  8. Gruttegast
  9. Haren
  10. Hegesân-Sappemear
  11. De Like
  12. Loppersum
  13. Mearum
  14. Menterwâlde
  15. Pekela
  16. Reiderlân
  17. Skeamde
  18. Sljûchter
  19. Stêdskanaal
  20. Ten Boer
  21. Feandam
  22. Vlagtwedde
  23. Wynskoat
  24. Winsum
  25. Súdhoarn

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Eksterne ferwizing

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings