Mearum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It gemeentehûs fan Mearum

Mearum is it haadplak fan de gemeente Mearum. It plak Mearum hat likernôch 5.500 ynwenners (2006) en leit sawat 10 kilometer fan Drachten yn it Westerkertier fan Grinslân.

Skiednis [bewurkje seksje]

De namme Mearum komt fan Mar (wetter) en Hiem (stee), dus plak oan it wetter.

Mearum hat in stik of wat buorskippen: Linde, De Haar, en Malijk, de streek tusken Krúswei en Nuis. By de pleatsen yn it buorskip Malijk lâns rûn in âlde dyk oan de Krúswei ta. Dizze sleat oan op de dyk troch it âlde sintrum (Mearum-West) en rûn oer De Haar nei Fryslân ta. Krekt as yn de measte oare plakken fan Mearum is der in soad lintbebouwing.

Fan 1913 oant 1985 rûn de tramwei fan Grins nei Drachten troch Mearum. Oan 1948 foar ferfier fan minsken en fracht, nei 1948 allinnich foar fracht.

Fan 1939 oant 1963 hie Mearum in legere lânbouskoalle.

Nijsgjirrich [bewurkje seksje]

  • De NH-tsjerke yn Mearum-West is ien fan de âldste bakstiennen bouwurken yn Grinslân en is boud yn 'e 12e ieu. Yn de 13e ieu waard de toer fernijd en yn de 18e ieu ferlege.