Ezinge
Ut Wikipedy
Ezinge (Grinslânsk: Aizing) is in terpdoarp yn Grinslân, dat yn it noarden fan it Westerkertier oan it Oldehoofsche kanaal leit. Oant 1990 wie it in selsstannige gemeente, mar it doarp waard doe part fan de gemeente Winsum. Yn 2008 hie Ezinge 750 ynwenners.[1]
[bewurkje seksje] Beskriuwing
Ezinge is it haaddoarp fan it eardere skiereilân Middag. Dat ûntstie yn de achtste ieu yn de mûning fan de Hunze (no: Reitdjip) troch ynbrekken fan de Lauwerssee. Ezinge is bekend fan de opgravings dy't de argeolooch Albert van Giffen (1884-1973) dêr yn de jierren tweintich en tritich fan de tweintichste ieu dien hat. Dêrby binne de oerbliuwsels fûn fan 85 pleatsen en 60 bygebouwen út de perioade 600 f. Kr. oant de fyfde ieu n. Kr. In bysûndere fynst wie de gouden "swurdknop fan Ezinge", dy't út de sande ieu datearret en dy't te fergelykjen is mei dy út it keningsgrêf fan Sutton Hoo yn Ingelân.[2]
Ezinge hat in beskerme doarpsgesicht. Part dêrfan is de tsjerke út de tretjinde ieu, dy't op de râne fan de ôfgroeven terp leit en wêrfan de tsjerketoer los fan de tsjerke sels stiet.
Yn it doarp is it museum Wierdenland, Centrum voor wierden en landschap (foarhinne: Museum Wierdenland) festige, dat terpen en it terplânskip ta ûnderwurp hat.
Noardeastlik fan Ezinge stiet de Allersmaboarch, wêrfan it âldste part yn 1400 boud waard.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |